KFE: Trainingen jongerein

In bydrage fan Hester Kingma en Marije Hiemstra

 

 

Eltse tongersdeitemiddei fan 16:30 oant 18:30 oere traine de kabouters en de welpen ûnder lieding fan Hester Kingma en Marije Hiemstra. Sawol de bern as de trainers ha der eltse wike wer in soart nocht oan en dat is dan ek te sjen yn de lêste training.

 

It waar siet einlik ris mei, en der waard gelyk gebrûk fan makke! De Kabouters treffe it mar, sa ha sy wol fjouwer trainers. De talintfolle twilling Roelie en Corrie Kroondyk bin ek folop yn´t spier.

Sa kin de groep yn trijen dielt wurde, dit betsjut lytse groepkes mei in soart yndividuele oandacht. Yn dizze training oefenje se foar it earst de trije pas, keare se de spûnsbaltsjes (mei wetter!) en slaan se út troch de hoeke.

 

Ek de Welpen dogge goed harren bêst, dizze training dogge wij gesamlik in kear oefening. Dernei wurde ek sij yndielt yn trije groepen. Opslaan, útslaan en in tikspultsje. In komplimint ha se wol fertsjinne, mei twa trainers is der by it tikspultsje gjin begelieding. Sa as jimme yn it filmke sjen kinne, pakke de bern dit prachtich op! Dat fine je as trainer fansels tige moai!

 

 

Binne jim benijd hoe at sa’n training der út sjocht?

 

Sjoch dan gau it FILMKE

 

(Ek rjochts op de side by Youtube!)

Groetnis,  Hester en Marije