Keatskes: 25-05-2015

Woansdei begûn it keatsen yn Easterein mei de earste ledepartij foar de jongerein. En de sneins it pearkekeatsen yn 4 klassen. En fansels it Pinksterwykein mei op moandei it NK Senioaren dêr’t Dirk-Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra en Jan Schurer foar Easterein op de list stienen. Eilaas wisten se net yn de prizen te kommen.

 


Woansdei 20 maaie 2015 


 

Easterein – Kniplokaeltsjepartij

De earste jeugdpartij waard ferkeatst op woansdei, de Kniplokaeltsjepartij. Sjoch foar de útslach en foto’s by Wedstriidútslaggen, Leden. 

 


Sneon 23 maaie 2015 


 

Snits – Froulju 1e klasse t.i.l.

Sietske Okkema wint yn Snits de krânse mei Klasine Huistra, Reduzum en Margriet Bakker, Easterlittens. Yn de heale finale hienen se wûn fan Tineke Dijkstrady mei Melissa Rianne Hiemstra, Stiens en Mariska Hoogland, Bitgummole de 3e priis wûnen.

20150523SnitsFroulju1eklasse1 

20150523SnitsFroulju1eklasse3

Yn de ferliezersronde in 2e priis foar Jelien Pompstra mei Anne Berber Zeinstra Peins en Marie-Jetske Lettinga, Leeuwarden

20150523SnitsFroulju1eklasseF2 

Menaam – Junioaren ôfdieling

De Eastereiner junioaren Doede Rients Okkema, Remon Tie Bouma en Jan Schurer stienen op de list en moasten tsjin it sterkte partoer fan St Jacob. Se ferlearen dat en letter wint St Jakob dizze wedstriid.

 

Wommels – Famkes A+B

Yn de B-klasse in 2e priis foar Jeska Terpstra mei Sjoukje Stuiver, Witmarsum en Lisetta Tolsma Dronrijp.

 

Peasens-Moddergat – Skoalfamkes A+B

Hjoed yn Paesens-Moddergat, 3 Eastereiner skoalfamkes yn de A-klasse. Selma de Boer, Roelie Kroondijk en Corrie Kroondijk. De earste priis wie foar: Roelie Kroondijk en Lobke Vlasbloem mei 21 earsten. De twadde priis wie foar: Laudy Bouma en Fiera de Vries mei 17 earsten. Tredde wie: Rixt Wijnia en Corrie Kroondijk mei 15 earsten. En fjirde wie: Selma de Boer en Joanne Elise Broeders mei 11 earsten. Yn de B-klasse die Machtelt Veldman mei, mar se hie gjin priis.

20150523PeasensSkoalfamkesA 

Ferwert – Pupillenfamkes A+B

Yn de B-klasse wint Nynke Paauw mei Anna-Boukje Altenburg, Hidaard de 3e priis.

20150523FerwertPupillenfamkesB 

Reahûs – Manlju 50+ A+B

Yn de B-klasse wint Simon Kingma de krânse mei Joop Bootsma, Reahûs en Evert Siderius, Ried. Se winne de finale mei 5-4:6-0 fan Jan de Jong (Menaem), Kees Sikkema (Dronten) en Age van der Goot (Goënga).

20150524ReahusManlju50B 

Der wie in 3e priis foar Sipke Hiemstra mei Jan Tuinier (Makkum), Hans Hilarides (Sint Jacobiparochie). Op 5-5:6-6 wurdt ferlern.

 

 


Snein 24 maaie 2015


 

Easterein – Pearkekeatsen

Yn Easterein kamen 30 pearkes yn it fjild foar it Pearkekeatsen.

Sjoch foar de útslach en foto by Wedstriidferslaggen, Leden.

 

 

 


Moandei 25 maaie 2015 


 

Frjentsjer – NK Senioaren

Foar Easterein stienen Dirk-Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra en Jan Schurer yn de krite. Se hienen har goed tarieden en wienen der klear foar. De 1e omloop winne se fan Deinum mei 3-5:4-6. Yn de 2e omloop treffe se Mantgum en winne dat mei 1-5:6-6. Op de 3e list wachtet Reahûs. Se komme op in 2-4 efterstân en se keatse dreech. Dêr’t Reahûs de punten wol pakke kin en de bal better tusken de linen hâldt, dêr slagget dat Easterein net. Der wurdt ferlern mei 2-5:6-6 en dat wie foar de mannen in teloarstelling.