Keatskes 25-06-2017

It wykein nei de doarpsfeesten moast der alwer folop keatst wurde!

 

Under oare 3 NK’s stiene op it programma. Hjirûnder kin jim lêze welke prestaasjes der del setten binne.

 

Earst efkes werom nei foarrich wykein. Op de Federaasjepartij yn Winsum (17 juny) behelle Jorrit Stap de 2e priis by de pupillen.

 

 

SNEON 24 JUNY

 

Harns, NK pupillenjonges

Redmer Stegenga, Arjen Stremler en Redmer Wiersma wûnen de earste omloop fan Boalsert mei 5-0/6-0. Yn de twadde omloop wie Minnertsgea de tsjinstanner. De jonges koene it krekt net rêde en ferlearen mei 5-4/6-6.

 

Hearrenfean, NK pupillenfamkes

Liset Sijbesma, Marije Zijlstra en Judith v/d Weerdt moasten yn de 1e omloop oantrede tsjin Ie. Sy ferlearen helaas mei 5-1.

 

Wjelsryp, NK froulju

Marije Hiemstra, Imke v/d Leest en Martine Tiemersma wûnen de earste omloop mei 5-3 fan Minnertsgea. Yn de twadde omloop wie Dronryp de opponent; mei 5-3/6-6 waard Dronryp ferslein.  Mei âld-Eastereiner Tineke Dijkstra wie Wjelsryp de folgende tsjinstanner fan de froulju. Nei in spannende partij luts Wjelsryp oan it langste ein en fersloech de Eastereiner froulju mei 5-3/6-6. Tineke ferlear hjirnei de heale finale mar wûn dus wol in moaie 3e priis op dit NK.

 

Eksmoarra, manlju 50+, t.i.l.

1e priis: Roel Sijbesma

2e priis ferl.: Sipke Hiemstra

 

Wynaam, manlju 1e klas, t.i.l.

1e priis: Jan Schurer 

 

 

 

SNEIN 25 JUNY

 

Dronryp, manlju 1e klas, t.i.l.

2e priis: Jan Schurer