NK’s 24 juny

Kommende sneon, 24 juny, stean der mar leafst 3 NK’s op it programma. Op alle NK’s is Easterein fertsjinwurdige!

 

Foar Easterein keatse Redmer Stegenga, Arjen Stremler en Redmer Wiersma op it NK pupillenjonges yn Harns. Boalsert is de 1e tsjinstanner fan it Eastereiner partoer.

 

Yn Hearrenfean komme Liset Sijbesma, Marije Zijlstra en Judith v/d Weerdt yn aksje op it NK foar pupillenfamkes. Yn de 1e omloop trede sy oan tsjin Ie.

 

It NK foar froulju is yn Wjelsryp. Marije Hiemstra, Imke v/d Leest en Martine Tiemersma meie hjir de kleuren fan KF Easterein heech hâlde. Harren earste tsjinstanner is Minnertsgea.

 

Alle NK’s begjinne om 10.00 oere.

 

Wy winskje de jonges, famkes en froulju en harren coaches in protte sukses én net te ferjitten keatswille ta!