Keatskes: 27-7-2014

De wike fan de 10de Jong-Fente dy’t tige suksesfol wie en mei in moaie winner, Seisbierrum-Pitersbierrum. In prachtige keatsdei mei respekt nei in tryste barren yn Oekraïne. En op tongersdei krige ien fan de winners fan de Jong-Feinte, Johannes vd Veen, op de keats-off foar de PC it lêste PC-ticket troch de finale te winnen fan syn ôfdielingspartoermaat Kees vd Schoot.

 

It wykein fan Arum, de generale fan de PC en no woansdei de PC mei dêr as dielnimmers fan Easterein, Dirk-Yde Sjaarda en debutant Bauke Dijkstra.

 

 


Woansdei 23-7-2014

 

Easterein – Jong-Feinte

 

Sjoch op KNKB.nl by Junioren Jong Feinte afd J F en by Seisbierrum/Pitersbierrum wint Jong Feinte 2014

Sjoch by Jong-Feinte op dizze side lofts yn it menu

 

Omrop Fryslan

 

 

 


Sneon 26 july

 

Stiens – Manlju 1e klas net beheind

Jelte Pieter Dijkstra wint mei Hendrik Jan vd Velde en Sjoerd de Jong de krânsen yn Stiens ut in list fan 20 partoeren. De finale wurdt wûn fan Haye Jan Nicolay, Rene Anema en Jan Schurer.

20140726 Stiens Manlju1eklasse 

Seisbierrum – Froulju haadklasse

Der is in 3e priis foar Anke Marije Pompstra mei Marije vd Meer, Klasina Huistra. Se steane 5-1 efter tsjin Imke vd Leest mei Nicole Hempenius en Harm Siegersma, mar winne de partij doch noch mei 5-5:4-6.

20140726 Seisbierrum Frouljuhaadklasse 

Dronryp – Welpenjonges

Der is in 1e priis yn de ferliezersronde foar Siebo Boersma mei Jens Rienk Jepkema fan Huns.

20140726 Dronryp welpenjonges1 

 

 


Snein 27 july

 

Arum – Froulju haadklasse

Yn Arum kaam Marije Hiemstra mei Maaike Osinga en Margriet Bakker yn de finale, mar dy waard ferlern mei 5-2:6-4 fan Lisette Wagenaar c.s. De earste omloop waard krekt wûn op 5-5:6-6 en de heale finale waard wûn fan Imke vd Leest mei Nicole Hempenius en Harmke Siegersma. De lêste ferlearen de striid om de 3e priis fan Sanne Velsma cs.20140727 Arum Frouljuhaadklasse 

Lekkum – Froulju 1e klasse

Sietske Okkema, Jelien Pompstra mei Anke Winkel lieten hjoed yn Lekkum sjen wat se kinne. Nei in prima keatsdei mei in útblinkende Sietske Okkema, en har beide prima keatsende maten, koenen se har de prachtige krânsen omhingje litte. Moai smûk fjild yn Lekkum en goed foar elkoar mei help fan de âlders. Yn de finale winne Sietske endy fan Evelien Westra c.s. mei 3-5:6-6.

20140727 Lekkum Froulju1eklas

 

St Jabik – Manlju 50+

De krânsen en de dikke tuut fan Rianne Dorst wienen foar Douwe Durk Reitsma mei Johannes Siegersma, Berlikum en Johan Hiemstra St Anne. Se wûnen mei 5-4 6-6.

20140727 StJakob Manlju50A 

 

St Anne – Famkes ôfdieling en t.i.l.

Jeska Terpstra wint mei Gerbrig Bouma en Berber Ekema de 2e priis yn St Anne. De finale gie ferlern mei 5-0 6-0.

20140727 StAnne FamkesOfdTil