PC Frjentsjer & Ald Meiers

PC Frjentsjer – woansdei 30 july 2014

 

Moarn wurdt de 161ste PC ferkeatst yn Frjentsjer. Op de list fan 16 partoer dogge der twa Eastereiners mei: Bauke Dijkstra en Dirk-Yde Sjaarda.

 

Foar Bauke in spesjale earste omloop. Hy keatst tegearre mei Gosse Beeksma en Rudolf Soepboer tsjin syn broer Jelte Pieter Dijkstra, wa keatst mei Hendrik Jan van der Velde en Sjoerd de Jong. Sy moatte fuort los om 9.30 oere as de nûmers 3 en 4 op de list.

 

Dirk-Yde moat mei syn maten Erik Haitsma en Siebe Greidanus fuort oan ‘e bak op de earste list. Sy nimme it op tsjin ien fan de favoriten: Martijn Olijnsma, Marten Feenstra en Pier Piersma (7 tsjin 8).

 

In protte sukses mannen!

PC-Kaatswedstrijd-Franeker 22820

 


Ald Meiers – sneon 2 augustus 2014

 

 

Foar de Ald Meiers is it dit jier alwer it 3e lustrum. Foar de 15e kear wurdt dizze ôfdielingswedstriid foar famkes fan 14 o/m 16 jier organisearre. Der wurdt striden om 1 fan de 4 wimpels (Ald Meiers, Jong Famme, NK Froulju en Froulju’s PC).

 

Easterein keatst op mei de fammen Martina Kooistra, Baukje Terpstra en Janieke Dijkstra. As nûmer 7 op de list nimme sy it op tsjin nûmer 8 Minnertsgea mei Simona Kootstra, Anna Kootstra en Anne Nieke Bergsma.

 

In protte sukses froulju!

 

ald meiers