Keatskes: 28-07-2013

De 4e woansdei fan july is west en we sitte yn de rige fan de oare moaie partijen. Te begjinne mei de 5e woansdei fan july, de 160ste PC. Fan Easterein stiet Jelte Pieter Dijkstra op de list mei syn maten Herman Sprik en Sjoerd de Jong. Moandei is de lotting. Sneon 3 augustus ha we de ALd-Meierspartij yn Hitsum en woansdei 7 augustus de Freule yn Wommels. Mar earst de resultaten fan dit wykein!

 

 

Sneon 27 july

 

KNKB

 

Ferwert – Froulju 1e klasse frije formaasje 

Tineke Dijkstra, Judy Bergsma en Melissa Rianne Hiemstra steane yn de finale fan de ferliezersronde tsjin Marie Jetske Lettinga, Anke Winkel en Jelien Pompstra. Tineke endy winne de 1e priis, Jelien endy de 2e.

 

 

Weidum – Welpenfamkes

20130727 Weidum welpenfamkes

Nynke Paauw hie de 1e priis yn de ferliezersronde mei Nienke Zijlstra fan Berltsum.

 


 

Snein 28 july

 

KNKB

 

Hearrenfean – Froulju 1e klasse f.f.

20130728 HearrenfeanFroulju1eklas

Martine Tiemersma wint mei Ilse Noorman en Margriet Bakker de krânse. De finale wurdt wûn mei 5-0:6-0! Tineke Dijkstra, Judy Bergsma en Melissa Hiemstra ha wer de 1e priis yn de ferliezersronde.

 

 

 

Dronryp – Jonges t.i.l.

20130728 DronrypJonges

Rémon Tie Bouma wint mei Djurre Seerden, Frjentsjer en Menno Galama, Tjerkwert de 3e priis.

 

 

 

St Anne – Famkes ôfdieling en t.i.l.

20130728 StAnneFamkes

Baukje Terpstra wint mei Sjanet Wijnia, Wommels en Leila-Janneke Moufakkir, Reduzum de krânse yn St Anne. Yn de ôfdielingswedstriid wurdt ferlern fan Berltsum.

 

 

 

Stiens – Pupillenfamkes A+B

20130728 StiensPupillenfamkes

Roelie Kroondijk wint mei esther de Boer, Jellum, de krânse yn de B-klasse. De suskes stienen yn de 1e omloop wer ris tsjinoer elkoar en dit kear wûn Roelie. Yn de finale wie it tige spannend, 5-5:6-6. Corrie Kroondijk en Eline Koree, Anjum hienen de 1e priis yn de ferliezersronde!