Keatskes: 8-5-2016

De earste ledewedstriden ha west en ek by de Federaasje en KNKB dogge leden fan Easterein al wer folop mei! En fansels hie de jongerein fan Easterein in 3e keatskamp! In grut sukses mei tank oan de kommisje, frijwilligers en …Rikkert de Kikkert!

Ha jimme ferslaggen, útslaggen, foto’s of oare bysûnderheden oer keatsende Eastereinders! Lit it ús witte en mail nei webbehear@kfeasterein.nl


Moandei 2 maaie oantemei woansdei 4 maaie

Easterein – Keatskamp

Sjoch ûnder Jongerein, Keatskamp foar ferslaggen en foto’s fan alle jierren.

Der is ek in prachtig FILMKE makke oer it keatskamp.

 

Tongersdei 5 maaie

Easterein – Witteveen & Brouwerpartij

Sjoch ûnder Wedstriidútslaggen, Leden foar ferslach en foto

 

Dronryp en Tsjummearum – Ofdieling

Yn Dronryp stienen twa partoeren fan Easterein op de list. Tineke Dijkstra, Sietske Okkema en Judy Bergsma ferlieze de 1e omloop fan Easterlittens. Marije Hiemstra, Martine Tiemersma en Imke vd Leest winne earst fan Wommels, mar ferlieze dan fan de lettere ferrassende winner Peins.

By de manlju hienen Dirk-Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra en Jan Schurer lotte tsjin it sterk St Jacob en hja ferlearen dat.

 

Freed 6 maaie

Ysbrechtum – Federaasje jongerein

By de pupillenjonges kaam Siebo Boersma mei Matthys Renema út Heeg yn de krânsen. BY de famkes/jonges wie it Jeska Terpstra dy de krânse wûn en in ? priis foar Rutger Wiersma.

Foto’s Ysbrechtum

20160506YsbrechtumPupjonges

20160506YsbrechtumFamkesJonges1

20160506YsbrechtumFamkesJonges2

 

Sneon 7 maaie

Hilversum – Manlju 50+

Sipke Hiemstra wie ôfreizge nei Hilversum en wûn dêr de 2e priis mei Eddy Sjollema (Harlingen) en Wibe Hoitinga (Boazum).

20160507 HilversumManlju50

Snein 8 maaie

Grou – Manlju 1e klasse ôfdieling

Mei coach Gert-Jan Hiemstra winne Dirk-Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra en Jan Schurer de 1e klasse ôddieling yn Grou. Yn de finale wurdt wûn fan Dronryp mei 5-3:6-4.

Easterein 2 mei Doede Rients Okkema, Remon Tie Bouma en Danny Roos ferlieze de 1e omloop fan Anjum.

20160508 GrouManlju1eklaseOfd1

Boazum – Froulju 1e klasse frije formaasje

Sietske Okkema komt yn de finale mei Anouk Tolsma en Martzen Deinum. Se ferlieze dit eilaas fan Marije van der Meer, Klasine Huistra en Anne Monfils.

20160508 BoazumFroulju1eklase2

Wommels – Skoalfamkes A

Yn Wommels in 2e priis foar Roelie Kroondijk mei Dian Dijkstra (Jirnsum) yn de A-klasse.

20160508 WommelsSkoalfamkesA

Wommels – Skoalfamkes B

Yn de B-klasse in 2e priis foar or Machtelt Veldman en Naomi Wiersma (Workum).

20160508 WommelsSkoalfamkesA

Hjerbeam – Pupillenjonges A

Yn de A-klasse wie it Redmer Wiersma mei Martin Leijenaar fan Eksmoarre dy de 2e priis wûnen yn de A-klasse.

20160508 HjerbeamPupillenjongesA

Hjerbeam – Pupillenjonges B

Yn de B-klasse in 3e priis foar Arjen Stremler mei Jens Kooistra fan Raerd

20160508 HjerbeamPupillenjongesB

Letter mear..

.