Keatskes 21-08-2017

Graach wolle wy de priiswinners fan ôfrune wiekein jim noch meidiele!

 

 

19-08-2017

 

Tineke Dijkstra wint mei Hermine Sytema en Jeske de Boer de 1e priis op de froulju 1e klasse yn Hitzum.

 

 

Yn Wier keatse de 50+ mannen. Yn de A klasse wurdt Tjeerd Dijkstra 2e en Roel Sijbesma 3e. Douwe Durk Reitsma wint de 2e yn de B klasse en Ype Tiemersma de 1e yn de ferliezersronde.

 

 

Dirk-Yde Sjaarda en Jan Schurer keatse mei Pier Piersma yn Wommels de manlju 1 klasse en winne dêr de 2e priis. Bauke Dijkstra wint de 3e priis mei Elgar Boersma en Willem Heeringa.

 

 

Redmer Wiersma keatst yn Marssum de pupillen wedstriid en wint hjir de krânse.

 

 

20-08-2017

 

By de manlju 1 klasse yn Froubuurt binne de rollen no omdraait. Bauke Dijkstra, Hendrik Bouwhuis en Elgar Boersma winne de 2e priis en Dirk-Yde Sjaarda, Jan Schurer en Pier Piersma winne disse kear de 3e priis.

 

 

Op disse dei is ek de generale foar de frouljus PC yn Akkrum. Gjin Eastereiner suksessen, wol wint Ald-Eastereiner en lid Tineke Dijkstra de 3e priis. Wy hoopje woansdei op mear suksessen 🙂

 

 

Tige lokwinske allegearre en in protte sukses foar takom wieke(in)