Frouljus PC 2017

Woansdei 23 augustus fynt de 41e frouljus PC yn Weidum plak. Mar leafst 5 leden fan ús feriening komme hjir ek yn aksje.
Nei de lotting fan ôfrune moandei die bliken dat de twa topfavorieten elkoar yn de 1e omloop al treffe…

 

 

Om 11.00 oere byt Imke van der Leest mei har maten Louise Krol en Sjanet Wijnia de spits ôf tsjin Joukje Kuperus, Maaike Osinga en Iris van der Veen.

 

Tineke Dijkstra keatst mei Hermine Sytema en Jeske de Boer tsjin Elly Hofman, Marte Altenburg en Martzen Deinum.

 

Martine Tiemersma, Jildou Sweering en Jenny Terpstra komme tsjinoer Jeanette Jansma, Sigrid de Jong en Marije Hellinga te stean.

 

En as lêtste binne Sietske Okkema, Marije Hiemstra en Nynke Sinnema oan beurt tsjin Marije van der Meer, Klasine Huistra en Annelien Broersma.

 

 

Wy winskje eltsenien in protte sukses en in hiele moaie dei!

Klik hjir foar de folsleine list fan de frouljus PC.