Keatskes 11-09-2017

Noch in pear Keatskes te gean, it seizoen rint op syn ein. De jeugd is klear en yn Easterein hawwe we de lêtste wedstriid ek hân. Hjir en dêr noch in wylde partij as lêtste KNKB wedstriid. En dan hat elts it der wer ôfswitten, alwer in seizoen foarby!

 

 

Foar earst kinne we de folgende útslagen noch trochjaan, want ek dit wiekein binne der wer leden yn de prizen fallen:

 

 

 

De froulju haadklasse t.i.l. keatsten freed yn de modder fan Marssum. Mar leafst 3 Eastereiners yn de slotronde. Skiedsrjochter Sipke Hiemstra seach Sietske Okkema de 3e priis pakken. Martine Tiemersma ferlear de finale, mar pakte hjirmei wol in skjinne 2e priis.

 

 

 

De manlju 50+ koenen sneon yn Goutum in baltsje slaan. Ype Tiemersma pakte hjir wer in priiske: 3e priis B klasse.

 

 

 

Snein wienen de manlju 1e klasse f.f. yn Mantgum, ofwol de Lytse PC! Bauke Dijkstra wûn hjir de 3e priis.