Slotwedstriid: grut sukses!

Snein, 10 septimber, ha we foar de twadde keer de slotwedstriid organisearre mei as ôfslúting in barbeque.
Omdat der gjin ledegearkomst yn it neijier mear is, like it ús in moaie gelegenheid om dan dizze dei ek de huldigingen te dwaan. Past goed yn de sfeer die we ha woenen op dizze dei.

Der waard keatst yn ien klasse, de froulju en manlju trochelkoar. Trije keer in oare list betsjut trije keer oare maten en tsjinstanders. Elkenien is dan ûngefear tagelyk út en dan kin it feest begjinne.

 

        

 Sfeerplaatsje fan de, yn totaal 34, keats(t)ers  

                                            

 

Manmachtich mei de tint op sjouw 😉

 

By de ynlis foar it keatsen en iten waard in formulierke oerhandige wêr elk in namme opskriuwe koe fan dejinge die hy as sy de titel ‘keatser fan it jier’ jaan woe. Oan it ein fan de dei soe dan bekind makke wurde wa mei dizze titel nei hûs gean soe.

 

 

De earste stim is in feit….

 

 

Yn de trije omlopen koene stroaiprizen wûn wurde. Der waard hurd striden om dizze prizen binnen te slepen. Foar de earste boppeslach, sitbal, foarbal en sa. Om de útdaging noch wat grutter te meitsjen moast der bygelyks nei in winnende slach kopketûmele of om de kweapeal draaft wurde. De wedstriidlieding wie kreatief yn it betinken fan de opdrachten.
Nei de trije omlopen kamen úndersteande keatsers as priiswinners út de list.

De priiswinners fan hjoed, lokwinske!

 

A klasse
1e priis: Marije Hiemstra (21 foar/10 tsjin)
2e priis: Dirk Yde Sjaarda (21 foar/14 tsjin) 
3e priis: Ype Tiemersma (19 foar/12 tsjin)

 

B klasse
1e priis: Selma de Boer (18 foar/13 tsjin)
2e priis: Janieke Dijkstra (17 foar/11 tsjin)
3e priis: Hendrik Okkema (16 foar/12 tsjin)

 

C klasse
1e priis: Jan Bouke Bouma (21 foar/8 tsjin)
2e priis: Gep Bakker (21 foar/9 tsjin)
3e priis: Jelle de Boer (21 foar/12 tsjin)

 

 

Nei de priisútrikking hat Mattie de kompetysjeprizen útrikt. De winners fan ferline jier krigen in mok as oantinken.

 

 

 Tom, Eefje, Sipke, Klaske, Petra

 

De wikselbekers fan 2017 binne nei de folgende keats(t)ers gien:

 

Manlju
1e priis Christian Hoekstra
2e priis Simon Kingma
3e priis Tymen Dijkstra

 

 

 Tymen en Christian

 

Froulju
1e priis Petra Jellema
2e priis Eefje Hiemstra
3e priis Klaske Plantinga

 

 

Klaske, Eefje, Petra

 

 

Dirk-Yde naam hjirnei it wurd wer oer en hat in moai ferhaaltsje oer de suksessen en memorabele mominten fan de keatsferiening fan 2017 hâlden. Jan Bouke Bouma en Yde Sjaarda waarden efkes yn it sintsje setten en ha  in attinsje krigen foar hun ynset as lûds-musyk-hynder –en/as weinman. Sy komme yn aksje at der wer in priis wûn wurdt en it hynder fan stal moat en der muzyk spiele wurde moat om de winners troch de buorren te lieden. Derfoar tige tank.

 

      

Jan Bouke          

 

 

Yde                          

 

Hjirnei kamen de huldigingen.

 

Corrie mocht as earste op it poadium ferskine; sy hat it NK en EKWallball wûn. In geweldige prestaasje en in applaus en attinsje en fotomominstje wurdich.

 

 

Corrie

 

 

Op de NK junioaren pakten Doede Rients Okkema, Bote Jellema en Rémon Tie Bouma mei coach Gert Jan Hiemstra in 3e priis. Ek foar harren in attinsje foar dizze moaie prestaasje en in wolfertsjinne applaus.

 

 

Rémon Tie, Bote, Doede Rients

 

 

Roelie Kroondijk, Jeska Terpstra en Selma de Boer en coaches Ype Tiemersma en Danny Roos kamen yn de blommen foar de winst op de Ald-Meiers. Dit wie de tredde keer dat Easterein dizze fernaamde partij wûn hat. Letter yn it jier komt der noch in resepsje foar de froulju en wurde se noch ris yn it sintsje  setten.

 

Ype, Jeska, Roelie, Selma, Danny

 

 

Imke van der Leest hat mei har maten Sjanet Wijnia en Louise Krol de froulju’s PC wûn. Se waard op it poadium tasprutsen troch de foarsitter en freon Dirk-Yde. In bysûnder momint. Nei in tút en in boskje blommen foar Imke giene we oer nei de ferkiezing fan keatser fan it jier. Hast alle leden en donateurs dy’t dizze dei west ha, ha in formulier ynfold. Dêr binne we tige bliid mei. Ferskate nammen kamen foarby by de telling mar Selma de Boer hat de measte stemmen krigen en is dêrmei ‘Keatser fan it jier 2017’!

 

            

Imke                                                             

 

 

WhatsApp Image 2017 09 12 at 21.17.38 

Keatster fan it jier: Selma!

 

 

Jan Hiemstra hat noch efkes in wurdsje dien om it bestjoer en de keatsferiening te betanken foar harren ynset om de feriening sa goed op de kaart te setten.

 

 WhatsApp Image 2017 09 12 at 21.17.37

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Mattie en Dirk-Yde; us foarsitters

 

17.30 oere (in heal oerke letter as ynpland) koe de barbecue oan en ha we der noch in gesellige jûn fan makke mei lekker iten, in drankje en muzyk. It wie in tige slagge dei en we hoopje oar jier wer sa’n moaie ôfslúting fan it seizoen te hawwen.