Keatskes wike 23

In moaie wike foar ús keatsers!!

De wike begûn al op tongersdei mei de krânse foar Corrie Kroondijk by de junioren yn Reduzum.

Sneon 4 priiswinners by de feraasje yn Spannum.
By de welpen famkes de krânse foar Marrit van der Weij, in twadde priis foar Berber Sijbesma en Elin Soffelsma.
En Jelke kaam mei in twadde priis thús, ek bij de welpen.

Sanne Frouk Dijkstra behelle by de KNKB yn Wiuwert de krânse! Har twadde, keurig!

Bij de KNKB 50+ yn Wytmarsum moaie prizen foar de Eastereinders.

Simon Kingma de krânse en Tjeerd Dijkstra de tredde priis by de A-klasse

Roel Sijbesma de krânse by de B – klasse.

We slute de wike ôf mei de krânse foar Roelie Kroondijk by de dames eerste klas yn Hurdegarijp.