Keatskes wike 23

Ôfrûne wykein is der wer in soad keatst troch ús leden. In soad wille mei hjir en dêr sels in priiske. Hjirûnder de útslagen op in rige. 

7 juny, 50+ lanenkaatsen yn Harns
Sipke Hiemstra wint hjir in 3e priis! Wy krigen dit kear in foto fan it publyk yn stee fan de priis. Wol 6 rijen dik mei supporters. Wat in grut en moai evenemint. 

9 juny, frije formaasje froulju earste klasse.
Imke van der Leest en Sietske Okkema winne hjir de krânse. Hja moesten yn’ e finale tsjin Jeska Terpstra. Sy behelle dus in moaie twadde priis. 



9 juny, 50+ troch olkoar lotsjen.
5 Eastereiners op de list en allegearre yn’ e A-klasse. It wie slim spannend en nei 2 partijen koe der noch fan alles barre. Úteinlik in moaie krânse foar Roel Sijbesma en in 3e priis foar Tjeerd Dijkstra. 

 

 

 

 

9 juny, haadklasse hearen frije formaasje.

Nei in spannende finale (mei in live ferslach fan Dirk Yde yn ús keats-útslagen app) wint Jan Schurer cs foar de twadde kear dit seizoen de krânse.

 

10 juny, ôfdieling famkes 14 oant 16 jier.
Roelie Kroondijk, Selma de Boer en Corrie Kroondijk winne hjir in moaie tredde priis.

 

10 juny, haadklasse hearen frije formaasje.
Jan Schurer wint in tredde priis. Dizze priis levert him en syn maten in twadde plak op yn it Langhenkel klassemint. Lokwinske mannen!