Battle Easterein vs Wommels

Ferline jier ha de leden fan Keatsferiening Easterein in jûn nei Wommels west om te kompetysjekeatsen. Dit hat tige goed foldien en sa is der, neidat we mei elkoar om tafel sitten ha, in lede-wedstriid foar beide ferienings delsetten.

 

 

1 july sil it heve op fjild fan de Skoalleseize

De organisaasje is dit jier yn hannen fan KF Easterein

Takom jier geane we nei Wommels

De ferienings leverje partoeren oan dy’t út eigen leden bestean

Der sil yn ferskate klassen spile wurde

By de wedstriden tusken in partoer fan Wommels en Easterein kinne punten fertsjinne wurde en sa komme we oan de ein fan de dei ta in deiwinner foar de feriening dy’t de measte punten garre hat…

 

 

Welke feriening sil de earste kear mei de wikselbeker nei hús gean? Wy binne der klear foar!
We sille der yn elts gefal in sportive striid fan meitsje en hoopje op in gesellige dei mei in protte keatsers en publyk.

 

beker easterein wommels