Keatskes wike 25

Dizze wike net allinnich keatsútslagen. Wy hawwe de doarpsfeesten der ek wer opsitten. Twa machtige dagen hawwe we hân en dan is de keatsdielname wat minder as oare wykeinen. Hiel begryplik… Mar yn dizze perioade steane der ek altyd NK’s op it programma en dêrom moat de wekker dochs wer setten wurde foar de keatsers, koaches en âlders. Oare die-hards hawwe harren want ek gewoan om de hân bûn en sa binne der seker wer keatsútslagen te melden!

 

 

 

Tiisdei 19 juny
Yn Easterlittens wurdt it IFK Jeu de Pelote holden op de moaiste baan fan Fryslân. Easterein hie foarich jier in 3e priis wûn en wie dêrmei pleatst foar de kwartfinales. Elts jier is it wer in striid, omdat de finales fan it twa wiken duorjende evenemint tagelyk binne mei ús doarpsfeesten. Dit jier hoegden Dirk-Yde Sjaarda, Johannes Hazenberg, Robert Sijbesma, Jan Schurer en Marten Faber harren dêr net drok om te meitsjen. Sy ferlearen spitichgenôch mei 7-4 fan Winsum.

 

 

Sneon 23 juny
Easterein mei op 2 NK’s harren kleuren fertsjinwurdigje. Yn Exmorra keatse de froulju. Sietske Okkema, Jeska Terpstra en Imke v/d Leest keatse de 1e omloop tsjin Grou. Sy ferlieze helaas mei 5-4.

By ús buorlju yn Wommels komme de skoaljonges yn aksje. Siebo Boersma, Arjen Stremler en Redmer Wiersma koenen dus op it fytske. Sy winne de 1e omloop fan Baard mei 5-2. De 2e omloop moatte se tsjin Morra-Lioessens en dy binne te sterk foar harren, se ferlieze mei 5-0.

 

Yn Wytmarsum wurdt der ek ôfdieling keatst. De manlju 50+ keatse harren ‘generale repetysje’. Jan Vellinga, Roel Sijbesma en Tjeerd Dijkstra winne de 1e omloop mei 5-5 6-4 fan it thúsdoarp. De 2e omloop wer in spannende pot tsjin Frentsjer, jammer genôch ferlieze se no mei 5-5 6-4.

50 ofdieling 23 06

 

Jan Schurer is hjoed de ienigste dy’t yn de prizen falt. Hy keatst yn Holwerd op de manlju haadklasse f.f. In moaie 2e priis foar syn partoer.

 

 

Snein 24 juny
De famkes hawwe in f.f. wedstriid yn Arum en alle 4 winne se in priis! Selma de Boer de 1e yn de herkânsingsronde, Nynke Paauw de 3e priis en Corrie en Roelie Kroondijk de 2e priis.

famkes roelie corrie 24 06

famkes nynke 24 06

famkes selma 24 06

 

Bauke en Jelte-Pieter Dijkstra keatse ek in f.f. wedstriid. Se binne yn Dronryp op de 1e klasse en winne in 3e priis.

manlju bauke jp 24 06

 

Jeska Terpstra seach kâns in freulewinner oan de haak te slaan en wint de krânse mei it pearkekeatsen yn ?

pearke jeska 24 06

 

 

Wa’t de keatsprizen wûn hawwe op de moaiste partij fan it jier, is te sjen op de Facebook pagina fan ‘Oranje en heitelân’. ?