Keatskes wike 24

In wykein mei ferskeidene útienrinnende wedstriden ha we hân. Nijsgjirrich nei de útslaggen? Lês dan gau fierder!

16 juny, spesjale federaasje ôfdielingswedstriid.
Foar it 40-jierrich jubileumbestean fan Goaïïngea wie û.o. dizze ôfdielingswedstriid holden. Elk doarp mocht mei in A, B en C maat komme en út Easterein gongen Robert, Roel en Peter Sijbesma. Se wûnen de krâns en ek noch in op maat makke want as priis.

17 juny, 50+ troch elkoar lotsjen.
Yn Makkum pakte Tjeerd Dijkstra de 3e priis mei Henk Mulder en Johan v.d. Veen. Roel Sijbesma pakte dêr de 2e priis yn de herkânsingsrûnte mei Jan Sipma en Bauke Posthuma. 

17 juny, froulju 1e klasse frije formaasje.
Yn Woarkum wûn Jeska Terpstra mei Annet de Haan en Selma van der Molen de 3e priis. Roelie en Corrie Kroondijk wûnen de 2e priis yn de herkânsingsrûnte mei Anouk Schmink.  

Dit wykein krigen we mear Eastereiner nijs. Dit kear út Wommels. Dêr hienen se it tema Goet Foud mei it matinee. De foto sprekt foar harren sels!