Alwer in simmerske wike. Wat sille de fjilden droech wêze, de krammen sjitte út de grûn en dûke op de bal jout fuortendaliks branderige skaafplakken. De keatsers hawwe harren broek, shirt en sokken fêst hielendal ‘yn it fel’ sitten troch de sinne. Mar we klaaie net! It smyt noch altyd útslagen op yn ús útslagen-app! Sjoch hjirûnder wa der yn it earste wykein fan de skoalfakânsje in priis wûn hawwe.
Ferwert, froulju 1e klasse f.f.
In rûntsje foar Easterein, it binne hjir allegear priiswinners!
1e priis foar Martine Tiemersma
2e priis foar Jeska Terpstra
3e priis foar Sietske Okkema en Imke v/d Leest
2e ferl. foar Baukje Terpstra
Heerenveen, famkes t.i.l.
2e priis foar Corrie Kroondijk
3e priis foar Nynke Paauw en Roelie Kroondijk
St. Nicolaasga, 50+ t.i.l. A klasse
3e priis foar Ype Tiemersma
Wjelsryp, manlju 1e klasse f.f.
1e priis foar Bauke Dijkstra en Jelte Pieter Dijkstra
Sy belibje in topwykein, want winne de oare deis yn Wommels op de 1e klasse wer de krânse!
Huizum, froulju haadklasse f.f.
2e priis foar Tineke Dijkstra
Lokwinske allegearre! Wy sille ús no klearmeitsje foar de Jong-Feintepartij en sjoche nije wike wer wat ús leden op de fjilden dien hawwe. Sukses!