14E JONG-FEINTEPARTIJ

Woansdei 25 july 2018 giet de 14e Jong-Feintepartij los!
Oanfang: 10:00 oere
Lokaasje: Sportpark De Skoalleseize yn Easterein


Lotting

Moandei 23 july 2018 wie de lotting. Yn oanwezigens fan it folsleine bestjoer, stiper en earelid Jan Hiemstra, stiper Jouke Huitema fan Nylân en in oantal oare belangstellenden waard de lotting iepene troch foarsitter Dirk-Yde Sjaarda. Om bar mochten de oanwêzigen in lotsje lûke en foar Easterein waard dat dien troch Bote Jellema en Wietse Vink dy’t woansdei meidochen.

 

DE JONG-FEINTE LIST

https://www.knkb.nl/pageid=13283/wdstid=14328

 

Op dizze 14e edysje dogge 26 partoeren fan 21 ferienings mei! We binne as feriening tige wiis mei de opkomst fan safolle junioaren en jonges! Want úteinlik giet it om de keatsers en it keatsen fan de Freule nei de PC! Op de list steane 6 keatsers dy wis binne fan de PC 2018 yn Frjentsjer. En 5 dielnimmers oan de Jong-Feintepartij stride in dei letter op de keatsoff foar it 16e PC-plakje.

 

 

Op de 14e edysje 2 ferienings dy debutearre: Jelsum-Koarnjum-Britsum 2, Dronryp 3

Alle 14 edysjes meidien: Dronryp, Easterein en Wommels

66 ferskillende ferienings ha meidien

Wol op NK Junioaren, mar net op Jong-Feintepartij: Akkrum, Weidum, Moarre-Ljussens, Tsjummearum, Easterlittens

Wol op Jong-Feintepartij, net op NK Junioaren: Eksmoarre, Dronryp 2, Niawier-Metslawier Easternijtsjerk, Ingelum, Berltsum 2, Easterein 2, Arum, Jelsum-Koarnjum-Britsum 2, Frjentsjer 2, Dronryp 3, Grou

 

 

Sjoch foar alle ynformaasje by Jong-Feinte, ynformaasje

https://kfeasterein.nl/index.php/2012-02-06-20-54-48/ynformaasje

 

Lieding

De lieding fan de Jong-Feintepartij op it fjild is yn hânnen fan Jenco Sieperda fan Wytmarsum en Wiebren Joustra fan Blauhûs.

 

Bysûnderheden

De Jong-Feintepartij is live te folgjen op dizze website (www.kfeasterein.nl), twitter (@KFEasterein) en Facebookside KF Easterein

 

Ek radio Eenhoorn is presint! Fanôf 13:00 oere folget in live-útstjoering fan de Jong-Feintepartij. Sjoch op http://www.radioeenhoorn.nl of folgje @Radioeenhoorn op Twitter of https://www.facebook.com/radioeenhoorn

 

Henk Bootsma is ús fotograaf fan dizze dei en fansels alle oare parse en fotografen binne fan herte wolkom!

 

 

We winskje alle dielnimmers in soad sukses en elk in moaie Jong-Feinte dei ta op de 4e woansdei fan july!