It ein fan it keatsseizoen komt stadich yn sjoch. De leafhawwers fan de sport (ja dat binne wy stiekem allegear), sille hjirfan bale. Ôfrûne wykein waarden der noch moaie prizen mei pikt. Hjirûnder it oersjoch.
Snein 2 septimber, 50+ Sint Jacob.
Ype Tiemersma keatst in spannende wedstriid tsjin Sipke Hiemstra om de tredde priis. Úteinlik koe Sipke de partij winne troch krekt wat faker op 6-6 it earst te pakken as Ype. Lokwinske!
Snein 2 septimber, froulju earste klasse Reduzum.
Imke van der Leest wint tegearre mei Maaike Joostema en Anouk Tolsma. Imke wurdt ek noch útroppen ta keningin fan de dei.
PS.
Oankommende tongersdei is der noch in kear kompetysjekeatsen (telt net mear mei foar it klassemint). Omdat it wat earder donker is wolle we graach om 19.00 oere starte, dat betsjut dus om 18.45 oere melde/oanwêzich. Sis it fierder, sis it fierder…!
Oankommende sneon is ús wolbekinde nachtkeatswedstriid. Jou jimme foar tongersdei 6 septimber 20.00 oere op by Romine Jelsma (opjefte@kfeasterein.nl)