Slotjûn jeugd 24-08-2018

Nachtkeatsen & kompetysje winners

Freed 24 augustus waard it jierlikse nachtkeatsen organisearre foar de jeugd. It begjin fan ‘e wike like it moai waar te wurden, mar op ‘e dei sels wiene de foarspellings dochs wat wikseljend. De dei begûn mei patat, frikadellen en limonade foar eltsenien. Doe’t alle bern en frijwilligers hast op it fjild stienen om los te gean, soarchen de hagelstienen dat we efkes skûlje moasten. Nei de earste omloop waarden de winners fan 2017 fan ‘e kompetysje nochris yn it sintsje setten, omdat sy de wikselpiis wer ynleverje moasten. Dêrnei waard bekend makke wa dit jier mei de wikselpriis nei hús gean soenen. Nei de prizen fan ‘e kompetysje moasten der noch twa omlopen keatst wurde. Sjoen it waar moasten we der aardich tempo ynhalde. Lokkich wiene (hast) alle partijen út foar it ûnwaar by ús wie en koene alle prizen fan it nachtkeatsen ek ferdield wurde. Hjirûnder alle priiswinners.

  

Kompetysje 2017

priiswinners 2017

Foarrich jier waard it kompetysjekeatsen wûn troch, f.l.n.r: Jorn Hiemstra (welpen jonges), Thymen Santema (kabouters), Fianne Dijkstra (welpen famkes), Liset Sijbesma (pupillen famkes). Redmer Wiersma wûn it by de pupillen jonges, Nynke Paauw by de skoalfamkes, Siebo Boersma by de skoaljonges en de jonges/famkes waard wûn troch Machteld Veldman.

 

Kompetysje 2018

Dit jier waard der wer striden foar de kompetysje wikselprizen. Alle prizen krije dit jier wer in nij plakje, want yn eltse kategory wie der in oare winner. Hjirûnder de priiswinners fan eltse kategory.

Kabouters

komp kabouters

1e priis: Fenne Sijbesma (59 punten) 

2e priis: Berber Sijbesma & Marrit v/d Weij (54 punten)

3e priis: Femke Paauw & Jildou Jellema (49 punten)


Welpen famkes

komp welpen famkes

1e priis: Brecht Stegenga (66 punten)
2e priis: Eelkje de Jong (59 punten)
3e priis: Noa Ottens (30 punten)


Welpen jonges

komp welpen jonges

1e priis: Jarno v/d Weij (58 punten)

2e priis: Pieter Age v/d Weide (56 punten)

3e priis: Sibrand Stremler (48 punten)


Pupillen famkes

komp pupillen famkes

1e priis: Fianne Dijkstra (64 punten)
2e priis: Liset Sijbesma (45 punten)

Pupillen jonges

komp pupillen jonges

1e priis: Jorn Hiemstra (44 punten)
2e priis: Ridzert Veldman (39 punten)


Skoalfamkes

De 1e priis by de skoalfamkes is mei 28 punten foar Benthe Ottens.

Skoaljonges

komp skoaljonges

1e priis: Redmer Stegenga (46 punten)
2e priis: Siebo Boersma (43 punten)

 

Nachtkeatsen 2018

Kabouters

De striid om de prizen wie by de kabouters tige spannend en dat wie oan ‘e punten ek wol te sjen. Hast eltse kabouter hie wol in omloop wûn en oars wol fiif earsten oan ‘e tillegraaf. By de A-maten wiene de ferskillen lyts, sy hiene 19, 18, 16 of 15 earsten foar. By de B-maten wie der ien kabouter dy’t alle partijen wûn hie. De striid om it twadde plakje wie hjir sa spannend, dat der twa kabouters mei in twadde priis nei hús gongen.

nachtkeatsen kabouters

1e priis: Fenne Sijbesma, Berber Sijbesma
2e priis: Thymen Santema, Tryntsje de Jong, Steffen Schram

Welpen

By de welpen wiene der hjoed in A- en B- maat dy’t beide trije partijen wûnen en wie dúdelik dat sy mei de krânsen nei hús gean soenen. De nûmers twa slagge it hjoed om twa partijen te winnen en dêrmei in moaie twadde priis mei nei hús te nimmen.

nachtkeatsen welpen

1e priis: Sibrand Stremler, Marin van Krimpen
2e priis: Brecht Stegenga, Jerryd Schram


Pupillen

By de pupillen gong de striid hjoed tusken 6 fanatyke keatsers. Mei in bytsje kreatyf tinken wie it dochs mooglik dat de pupillen ek yn trije listen keatse koene yn ferskillende partoeren. Spitigernôch koenen sy de lêtste partij krekt net út keatse foar it ûnwaar. Lokkich wiene se fier genôch hinne om dochs de prizen útrikke te kinnen en hiene de lêste earsten gjin ynfloed mear hân op ‘e einstân.

nachtkeatsen pupillen

1e priis: Liset Sijbesma, Theunis Ynema
2e priis: Jorn Hiemstra

Foto’s

slotjun 1

De priisútrikking fan it kompetysje keatsen.

 

slotjun 2

It patat iten.

 

 slotjun 3

 Net eltsenien woe like graach op ‘e foto tidens it iten, mar sy wiene der al by hjoed!

 

 slotjun 4

 It patat iten.

 

 slotjun 5

 Sy koene wol in bytsje gek dwaan op ‘e foto. 

 

 slotjun 6

 Ek de kabouters kinne wol ‘gekke bekken’ sjen litte.