Keatskes wike 37

It lêste keatswykein alwer, it seizoen is gebeurd. De want kin foar de measten wer yn it vet. Al sette de stoefe keatsers noch efkes troch op tongersdei te jûn en de 55+ giet de seal yn. Mar foar de measten giet it fuotbal- en follybalseizoen wer fan start en dan is it ek goed west. We hawwe in prachtich jier hân en sette de lêste priiswinners fan dit wykein noch efkes op in rige.

 

 

15 septimber Oldehovepartij froulju haadklasse

By de lêste wedstriid wurdt der faak ek ôfskied naam fan keats(t)ers. Martine Tiemersma hat besletten te stopjen mei keatsen. Se hat in baan yn it sikehûs fan Grins en kin dit net mear kombinearje mei de Fryske sport. Ta har ferbazing waard der wol deeglik stil stien by dit feit, op it momint dat sy en har maten de lêste bal slein hienen. Fan har nicht en keatsfreondin Tineke Dijkstra mocht sy blommen yn ûntfangst nimme. En de direkteur fan de KNKB, hikke en tein Eastereiner Marco Hoekstra, tanke har foar alle ynset. Ek fanút Keatsferiening Easterein tankje wy Martine foar alles wat sy foar de feriening betsjutten hat.

 

Sietske Okkema slút it seizoen moai ôf mei in 2e priis.

 

 martine

 

 

Tjerk Okkema wûn hjoed de krânse! Hy keatste yn Hartwert de OC partij.

 

 tjerk 15 09 18

 

 

Lokwinske allegearre en wy hoopje folgend jier wer in protte útslagen fermelde te kinnen by de Keatskes!

Ferjit net om 16 desimber yn jim aginda te setten. Dan hawwe wy ús jierlikse sealkeatswedstriid.