Slotdei 16-09-2018

Op 16 septimber hienen wy de lêste ledenwedstriid fan it seizoen. Sûnt foarich jier hawwe wy dit oars ynklaaid. We meitsje der in feestelike dei fan mei stroaiprizen, springkessen, barbecue en ferlotting. Ek huldigje wy drekt alle priiswinners fan it ôfrûne seizoen, dit binne de kompetysjeprizen, keatser fan it jier en de eventuele bysûndere priiswinners. Op dizze sinnige snein wie ek de drok besette kippetjespartij yn Winsum en it bestjoer hat noch yn oerweging nommen it te fersetten. Mar septimber sit fol mei feestjes en útwike wie eins gjin mooglikheid. Undanks dat, wie der in protte opjefte. Sels mear as foarich jier, dus hulde oan jim sels! Stiper Faber Grafmonumenten hat oanjûn te wolle helpen hjir in grutte dei fan te meitsjen foar al ús leden. Sy hawwe ekstra jild beskikber stelt foar hiele lúkse krânsen, sadat de partij noch mear útstrieling krijt. En dat is slagge, wat wienen se moai! Tank dêr foar.

 

De dei begûn om 11.00 oere mei in keatspartij, 3 kear in oare list en manlju en froulju troch elkoar. Wat wie it spannend by de puntentelling! Oant 2 kear ta moast de wedstriidlieding de punten fan de lêste earsten brûke om ta in priisferdieling te kommen. Sawol yn de A- as yn de B-klasse hienen de earste 3 priiswinners alles wûn.

Oanslútend it keatsen wie de útrikking fan de stroaiprizen, de priisútrikking en it tadiele fan de kompetysjeprizen.

Doe koenen we oergean nei de huldigingen. Us junioaren jonges hienen de 3e priis wûn op de Jong-Feintepartij en de fammen wûnen op de Ald-Meierspartij ek de 3e priis. Corrie Kroondijk hie de 1e priis by it wall-ball ûnder de 17 jier pakt en boppedat ek nochris it puntenklassemint by de famkes wûn.

Rinde de dei koe eltse besiker in stim útbringe foar de keatser fan it jier. Foarhinne lei dizze kar by it bestjoer, mar dêr woenen wy fanôf. De leden meie no kieze en foarich jier foel dat nei in spannende striid yn it foardiel fan Selma de Boer. Ek dit jier wie it oan it lêste stemmingsbriefke ta spannend…

No wienen echt alle prizen útrikt en koe de barbecue oan. In gesellige neisit mei smaaklik iten en drinken en tuskentroch noch in ferlotting waard de dei moai ôfslúten. Eltsenien tige tank foar dizze prachtige dei!

 

 

collage keatsen

 

 

collage stroaiprizen

 

 

 collage priiswinners

 

Winners keatspartij

1e priis: Anco Elgersma, Marije Schurer en Klaske Plantinga

2e priis: Jan Schurer, Abe Jan Stegenga en Meile Kuiper

3e priis: Peter Stuiver, Marit Kuperus en Dieuwke Kooistra

4e priis: Bote Jellema en Roelie Kroondijk

 

 

collage kompetysjekeatsen

 

Kompetysje herinneringen 2017

Manlju: Christian Hoekstra, Tymen Dijkstra en Simon Kingma

Froulju: Petra Jellema, Eefje Hiemstra en Klaske Plantinga

 

Kompetysje winners 2018

Manlju: Bauke Jan Plantinga, Jan Vellinga en Tymen Dijkstra

Froulju: Jitske Plantinga, Wilma Sjaarda en Mattie Dijkstra

 

 

collage huldigingen

 

Bysûndere priiswinners

3e priis Jong-Feintepartij: Bote Jellema, Doede Rients Okkema, Remon Bouma en koach Gert Jan Hiemstra

3e priis Ald-Meierspartij: Alien Dijkstra, Corrie Kroondijk, Nynke Paauw en koach Eddy de Boer

1e priis wall-ball ûnder de 17 jier en winner puntenklassemint famkes: Corrie Kroondijk

Keatser fan jier herinnering 2017: Selma de Boer

Keatser fan jier 2018: Corrie Kroondijk

 

 

collage winners

 

 

collage bbq