Keatsseizoen 2012 ôfrûn

It keatsseizoen sit der op! Sneon wienen de finales fan de Friesland Bank Cup yn Dronryp. In moai barren dêr’t ek de klassemintsprizen fan it seizoen oan de jongerein útrikt waarden. Snein yn Ljouwert de Oldehovepartij en yn Winsum waard it seizoen geweldich ôfsletten mei 111 partoeren op de kippetjespartij!

We geane de winter yn…

 

 

SNEIN 16 septimber

 

 

KNKB

 

 

Ljouwert – LKC Oldehove

Yn Ljouwert waard de lêste haadklassewedstriid hâlde foar de manlju. Op de list, de nûmers 9 en 10, stienen Dirk Yde Sjaarda en Jelte Pieter Dijkstra. Yn de 1e omloop nimt Dirk-Yde mei syn maten Hylke Bruinsma en Tjisse Steenstra in 4-2 foarsprong. Mar Jelte Pieter wit mei syn maten Pieter Jan Plat en Daniel Iseger de wedstriid toch te winnen mei 4-5:2-6 en dus al in 3e priis.

 

Yn de heale finale komme tsjinoar Jan Dirk de Groot, Hendrik Bouwhuis en Hans Wassenaar. Nei in 4-1 foarspring witte se de wedstriid mei 5-3:6-2 te winnen komme yn de finale te stean tsjin it partoer fan Gert Anne vd Bos, Taeke Triemstra en Sjoerd de Jong. Dat kinne Jelte Pieter endy net risse en it wurdt in moaie 2e priis nei ferlies mei 5-2:6-2.

20120916 LKC_FInalepartoeren

20120916 LKC_JeltePiterASjerp

20120916 LKC_JeltePiter2epriis

Foar Sjoerd de Jong, takom seizoen de maat fan Jelte Pieter, wie it de earste winst op de haadklasse manlju! Lykas Jelte Pieter in pear wike lyn yn Penjum.

 

Foto’s Henk Bootsma Fotografie.nl 

En foto’s op de site fan LKC – LKC Foto’s 2012

 

 

WYLD

 

Winsum – Kippetjespartij

Mei mar leafst 111 partoeren waard it keatsseizoen yn Winsum ôfsletten mei de Kippetjespartij. En fansels dienen dêr ek in hiel soad Eastereinder keatsers en keatsters oan mei.

De útslaggen en foto’s folgje noch…

 

 

Der stie al in moai filmke op KNKB.nl

Enorm succes voor Kippetjespartij in Winsum 

 

Sjoch foar alle keatsnijs op www.knkb.nl, www.kaatsnieuws.com en www.kaatsen.nl