Keatswykein 7, 8 en 9 septimber

It lêste keatswykein op de fjilden yn Easterein foar 2012. En ek yn de federaasje en KNKB binne de wedstriden hast dien. Takom snein noch de klassiker foar de haadklassers útnoeging yn Ljouwert.

Freed hienen de jongerein nachtkeatsen en tagelyk wie dat ek de slotdei fan it seizoen. Sjoch de ferslaggen ûnder Jongerein. Mei tank oan de jongereinkommisje!

En snein wienen ús stipers sportyf yn aksje op de stiperdei!

 

FREED 7 septimber

 

FERIENING

 

Nachtkeatsen/slotdei jongerein

Op freed 7 septimber wie der nachtkeatsen foar de jongerein en tagelyk wie it de slotdei. De ferslaggen en foto’s kinne jimme fine by Jongerein-nijs of bij Jongerein, Slotdei.

 

 

SNEON 8 septimber

 

KNKB

 

Goutum – Manlju 50+ A en B

Doch noch in priis op sneon by de lêste wedstriid foar de manlju 50+. Der waard keatst yn in A- en B-klasse en yn 2012 dienen der twa man fan Easterein mei oan dizze wedstriden. Dat wienen Sipke Hiemstra en Roel Sijbesma.

 

Roel Sijbesma keatste yn de B-klasse en waard dêr tredde mei syn maten fan dy dei, Hielke Raukema fan Winsum en Douwe Broersma fan Mullum.

Sipke keatste yn de A-klasse, mar kaam net yn de prizen.

 

 

SNEIN 9 septimber

 

FERIENING

 

Stiperdei

Snein wienen de stipers sportyf aktyf op de jierlikse stiperdei, de waarmste edysje oant no ta!.

20120909 Priiswinners_Stiperdei

De krânsen wienen foar Mattie Dijkstra (A. HAK Infranet Noord Oost) en foar Durk Jorrit vd Eems (Grafische Groep van der Eems).

 

F.l.n.r.: Wilma Sjaarda, Hans Kooistra, Durk Jorrit, Abe Jan Stegenga, Mattie Dijkstra, Anne Bakker, Sjoukje vd Eems, Jan Hiemstra.

 

Ferslach en mear foto’s:

Sjoch by Wedstrydynformaasje, Utslaggen, Leden en dan 20120909_Stiperdei

 

Sjoch foar alle keatsnijs op www.knkb.nl, www.kaatsnieuws.com en www.kaatsen.nl