Keatswike 16, 17, 18, 21 en 22 july

Keatswike 16, 17, 18, 21 en 22 july

 

Moandei yn Makkum de manlju 1e klasse, tiisdei diplomakeatsen foar de jongerein, woansdei haadklasse froulju en manlju yn Minnertsgea, sneon de Posthumapartij en lotting fan de Jong-Feinte en snein noch ferskate KNKB-wedstriden.

 

MOANDEI 16 JULY

 

KNKB

 

Makkum – senioaren 1e klas t.i.l.

Yn Makkum op de 21e Douwe Blanksma ‘Paling’ Partij fan de 120ste Makkumer Merke stie Dirk Yde Sjaarda mei Krijn HIemstra en Aloys Freitag yn de finale. Hja felearen mei 5-3:6-4 fan Arnold Zijlstra, Anne Wind en Hendrik Bouwhuis.

 

20120716 Makkum1eklas

 

TIISDEI 17 JULY

 

FERIENING

 

Diplomakeatsen

Der koe wer ris diplomakeatst wurde. Sjoch foar ferslach en foto’s by Jongerein-Nijs op de thússide.

 

 

 

 

WOANSDEI 18 july

 

 

KNKB

 

 

Minnertsgea – haadklasse froulje en manlju frije formaasje

By de manlju ferlearen Dirk Yde Sjaarda, Hendrik Bouwhuis en JOuke Bosje de 1e omloop fan it sterke partoer mei Gert-Anne vd Bos, Taeke Triemstra en Daniel Iseger.

 

By de froulje ferliest Anke Marije Pompstra mei Ilse Noorman en Mariska Hoogland de 1e omloop fan it partoer fan Irsi vd Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Aukje van Kuiken winne fan Martine Tiemersma mei Nelie Steenstra en Margriet Bakker. Marije endy ferlieze de heale finale fan Iris vd Veen endy.

 

De wedstriid wurdt sawol by de manlju as froulju ôflast.

 

 

SNEON 21 july

 

FERIENING

 

Easterein – Posthumapartij

 

Sneon wie de Posthumapartij. It wie fakânsjetiid en dus wat minder dielname mar doch seis partoer by de froulje en seis paroer by de manlju. En dus waard der poulekeatst.

 

Ferslach, foto en útslach, sjoch by Ferslach Posthumapartij

 

FEDERAASJE

 

Wiuwert – Britswert – jongerein

20120721 WiuwertBritswert

Kees vd Horst hie de krânse by de pupillen

 

 

KNKB

 

Wytmarsum – 1e klase manlju frije formaasje

 

Yn de finale ferlear Jelte Pieter Dijkstra mei Steven de Bruin (ferfanger Erik Haitsma) en Peter de Boer de 2e priis. Hja ferlieze mei 5-3:6-2 fan Bauke Triemstra, Pietr-Jan Plat en Hendrik Kootstra.

 

 

Tsjom – Pupillenfamkes t.i.l. – Prinsessepartij

20120721 Tsjom_Pupillenfamkes

Jeska Terpstra stie yn de finale fan de ‘Prinsesse-partij’ yn Tsjom mei Anna Joostema fan Berltsum. Yn de finale ferlearen ze, mar in knappe 2e priis fan de 24 partoer!

En yn Tsjom ha se ek al sa’n moaie golfkarre!

 

 

Drylts – Welpenfamkes A+B

20120721 Drylts_welpenfamkesA

De famkes fan Kroondijk stienen beide yn de A-klasse. Der wienen 4 partoeren en beide famkes hellen in priis. Roelie wûn mei Dian Dijkstra fan Jirnsum de krânse en Corrie wûn mei Fier de Vries fan Seisbierrum de twadde priis. Knap froulju!

20120721 Drylts_welpenfamkesB

Yn de B-klasse stienen Machtelt en Nynke Paauw op de list. Machtelt wûn de 3e priis mei Marlies Bonnema fan Winsum.

 

 

SNEIN 22 july

 

FERIENING

 

Easterein – Alder-Bernpartij

Ferslach kinne jimme fine by Wedstriidynformaasje, Utslaggen, Leden, 20120722_AlderBernpartij

 

 

KNKB

 

Boalsert – 1e klase manlju frije formaasje

20120722 Boalsert_1

Yn de finale fan dizze partij mei 254 partoeren kamen de bruorren Dijkstrsa tjinoer elkoar te stean. Jelte Pieter Dijkstra, Herman Sprik (ferfanger Erik Haitsma) en Peter de Boer wûnen de finale mei 5-3:6-4 fan Redmer Strikwerda, Feiko Broersma en Bauke Dijkstra

20120722 Boalsert_2

 

Sjoch foar alle útslaggen op www.knkb.nl as www.kaatsen.nll