Tarieding Jong-Feinte Partij 2012

Moarn is it safier. De 8e edysje fan de Jong-Feinte Partij.

 

We ha in moaie list mei 27 partoeren, en boppedat binne de waarfoarsizzingen mar al te best mei in protte sinne!

 

Dat lêste hâld fansels it folgende yn: waarmte! Dêrom de folgende tips:

 

  • Nim genôch drinken mei!
  • Sâlte koekjes!
  • Sinnebrân net ferjitte!

weersvoorspelling 25 juli

Derneist wurd de arena fan moarn, fannejûn opboud. We kinne altyd minsken brûke. Fanôf in oer as 19.00 oere is eltsenien wolkom om te helpen!