Keatswike 27, 28, 30 juny en 1 july

Tongersdei en freed wienen de Eastereinder feesten. Wêr tige slagge feesten mei prachtich waar. En de tongerdeis fansels it keatsen. Sneons de Jong-Famme en NK’s foar pupillen famkes en pupillen jonges. Sukses wie der foar de pupillen famkes Selma, Mirjam en Jeska!

 

 

WOANSDEI 27 juny

 

KNKB

 

St Anne – Froulju haadklasse en 1e klasse

20120627 StAnne_Haadklassefroulju1 

By de froulju haadklasse wint Imke vd Leest mei Iris vd Veen en Aukje van Kuiken de krânse. Anke Marije Pompstra wint mei Joukje Kuperus en Romy vd Veen de 3e priis.

20120627 SrAnne_Froulju1eklasse 

 

By de froulju 1e klasse t.i.l. wint Sietske Okkema de krânse mei Marike Beckers en Geke de Boer. Tineke Dijkstra wint de 3e priis mei Esther Wagenaar en Melissa Rianne Hiemstra.

 

 

Ljouwert – Skoalkampioenskippenôfdieling jongerein

20120627 SKoalkampioenskippen 

De famkes fan de Foareker fan Easterein, Jeska Terpstra, Selma de Boer en Mirjam Punter winne de 3e priis.

 

 

TONGERSDEI 28 juny

 

Feestkeatsen

 

De krânsewinners fan de feesten

A-klasse: Dirk Yde Sjaarda, Stefan v/d Weg en Sjoerd de Jong

B-klasse: Christian Hoekstra, Ype Tiemersma en Stoffel Bouma

C-klasse: Hans Zandvliet, Anne Hallema en Auke de Boer

Froulju A-klasse: Hester Kingma, WIepkje Hiemstra, Feikje Bouwhuis

Froulju B-klasse: Petra Jellema en Talitha Dijkstra

Jongerein: Bote Jellema, Janieke Dijkstra, Jeska Terpstra

 

 

 

SNEON 30 juny

 

Federaasje

 

Skearnegoutum – ôfdieling jongerein

 

20120630 SkearnegoutumFederaasjeOFd

Wedstriidferslach fan Nynke Paauw, Roelie en Corrie Kroondijk en coach Julia Paauw. 7 partuur op de lijst van de welpenmeisjes. Er werd gekaatst in 2 poules 1 van 4 en 1 van 3. De eerste omloop moesten wij tegen Scharnegoutum. Gewonnen met 5-2 6-2.

 

De tweede omloop Scharnegoutum tegen Goenga. Dat won Goenga 5-2 6-2. Toen moesten wij tegen Goenga. Gewonnen met 5-2 6-2. Op naar de finale. In de andere poule won Hommerts. Jammer genoeg verloren wij de finale het werd 5-2 6-2. Maar toch de 2 prijs!

 

We hebben een leuke dag gehad en goed gekaatst

 

 

 

 

KNKB

 

Wynaam – manlju 1e klasse útnoeging

Site Ferwerda, Dylan Drent en Bauke Dijkstra steane yn de finale en winne de 2e priis nei in 1-5:0-6 ferlies tsjin Pieter Bakker c.s. Dirk-Yde Sjaarda, Pieter Jan Plat en Hendrik Kootstra winne de 3e priis. Se ferlieze de heale finale fan Pieter Bakker c.s. mei 5-4:6-2.

 

Mantgum – Jong-Famme

Easterein 2 mei Tineke Dijkstra, Sietske Okkema en Jelien Pompstra winne de 1e omloop fan Frjentsjer 2 mei 5-5:6-2. Dêrnei ferlieze se mei 5-2:6-2 fan Easterein 1 mei Marije Hiemstra, Martine Tiemersma en Anke Marije Pompstra.

Easterein 1 hie de 1e omloop wûn fan Deinum mei 5-1:6-6. Yn de 3e omloop giet it oan 3-3 ta gelyk op tsjin Berltsum, mar dan rint it efkes net mear mei Easterein. Tafolle fouten yn de opslach en de útslach wie ek wat minder. Berltsum keatste krekt deegliker en wint mei 5-3:6-4. Berltsum sil de Jong-Famme ek winne troch yn de heale finale Frjentsjer 1 te ferslaan mei 5-4:6-2 en de finale wurdt wûn fan Boazum mei 5-5:6-2.

 

Akkrum – NK Pupillenfamkes

Selma de Boer, Mirjam Punter en Jeska Terpstra winne de 2e priis op it Nederlânsk Kampioenskip foar pupillen famkes yn Akkrum. Yn de finale wurdt mei 5-0,6-0 ferlern fan it sterke Makkum mei Boukje Ellen Bosma, Lobke Vlasboom en Kim Dijkstra.

Yn de 1e omloop wurdt mei 5-1:6-6 wûn fan Hallum. Dêrnei winne se mei 2-5:4-6 fan Rie. Fan Wommels wurdt yn de 3e omloop wûn mei 5-4:6-4 en dêrmei kamen hja mei in steand nÛmer yn de finale. Yn de heale finale wint Makkum fan Achlum mei 3-5:6-6.

 

Wytmarsum – NK Pupillenjonges

 

De pupillenjonges Hendrik van der Eems, Kees van der Horst en Rutger Wiersma ferlieze yn de 1e omloop fan Berltsum mei 5-1:6-4. Berltsum komt yn de finale, mar ferliest dêr fan Menaam mei 5-1.

 

 

 

 

SNEIN 1 july

 

KNKB

 

Makkum – Manlju 50+ t.i.l.

20120701 Makkum50

By de winners de krânse foar Sipke Hiemstra mei Auke Althof (Dongjum) en Fetze-Jan Kooistra (Ried). Se winne mei 5-2:6-0. Yn de herkansing in 1e priis foar Roel Sijbesma mei Evert Siderius (Ried), Bouwe v.d. Veer (Winsum), nei winst fan 5-3:6-0.

 

Peins – Manlju 1e klas frije formaasje.

Jelte Pieter Dijkstra wint mei Erik Haitsma en Peter de Boer de 3e priis. Se ferlieze de heale finale mei 5-3:6-4 fan de lettere winners.

 

Tsjummearum – Froulju 1e klas frije formaasje.

Der is in 2e priis foar Tineke Dijkstra, Judy Bergsma en Marije v.d. Meer.

 

 

Balk – Welpen famkes t.i.l.

20120701 Balk

Yn Balk de krânse foar Nynke Paauw mei Dian Dijkstra fan Jirnsum. Yn de herkansing is der in 2e priis foar Corrie Kroondijk mei Krista Dotinga fan Sibrandabuorren.

 

 

 

 

 

 

 

Sjoch foar alle útslaggen op www.knkb.nl as www.kaatsen.nl