Selma, Mirjam en Jeske 2e op NK

Akkrum – Nederlansk Kampioenskip pupillen famkes

Selma de Boer, Mirjam Punter en Jeska Terpstra winne de 2e priis op it Nederlânsk Kampioenskip foar pupillen famkes yn Akkrum.

20120630 NKPupillenfamkes1

FAN HERTEN LOKWINSKE!

 

20120630 NK_PupillenfamkesFS 

Yn de finale wurdt mei 5-0,6-0 ferlern fan it sterke Makkum mei Boukje Ellen Bosma, Lobke Vlasboom en Kim Dijkstra.

 

Yn de 1e omloop wurdt mei 5-1:6-6 wûn fan Hallum. Dêrnei winne se mei 2-5:4-6 fan Rie. Fan Wommels wurdt yn de 3e omloop wûn mei 5-4:6-4 en dêrmei kamen hja mei in steand nÛmer yn de finale. Yn de heale finale wint Makkum fan Achlum mei 3-5:6-6. 

 

Filmke en foto’s fan it NK pupillen famkes (bron KNKB)

KNKB Media (c) 2012, NK pupillen meisjes

Terugblik NK Pupillen meisjes

 

 

Wytmarsum – Nederlands Kampioenskip pupillen jonges

De pupillenjonges Hendrik van der Eems, Kees van der Horst en Rutger Wiersma ferlieze yn de 1e omloop fan Berltsum mei 5-1:6-4. Berltsum komt yn de finale, mar ferliest dêr fan Menaam mei 5-1.

 

 

Mantgum – Jong-Famme

Easterein 2 mei Tineke Dijkstra, Sietske Okkema en Jelien Pompstra winne de 1e omloop fan Frjentsjer 2 mei 5-5:6-2. Dêrnei ferlieze se mei 5-2:6-2 fan Easterein 1 mei Marije Hiemstra, Martine Tiemersma en Anke Marije Pompstra.

 

Easterein 1 hie de 1e omloop wûn fan Deinum mei 5-1:6-6. Yn de 3e omloop giet it oan 3-3 ta gelyk op tsjin Berltsum, mar dan rint it efkes net mear mei Easterein. Tafolle fouten yn de opslach en de útslach wie ek wat minder. Berltsum keatste krekt deegliker en wint mei 5-36-4.