Keatswykein 11 en 12 augustus

We ha de Jong-Famme, Jong-Feinte, PC en de Freule hân en op gjin inkele fan dizze partijen wisten Eastereinder keatsers of keatsters sukses te heljen. FOar ús leit noch de frouljus PC! En fansels wurdt der bûten dizze spesjale partijen omraak keatst troch ús leden troch hiel Fryslân!

 

 

SNEON 11 augustus

 

KNKB

 

Ferwert – Pupillenfamkes A+B

 

Yn de B-klasse is der in 1e priis yn de herkansing foar Selma de Boer mei Jildou Marije Postma fan Ingelum.

 

 

SNEIN 12 augustus

 

KNKB

 

Menaam – haadklasse manlju

 

Jelte Pieter Dijkstra, Erik Haitsma en Peter de Boer winne de 3e priis. Yn de heale finale wurdt ferlern fan Gert-Anne vd Bos c.s. mei 1-5:2-6. De 1e omloop hienen se wûn fan Bauke Triemstra, Pieter Jan Plat en Hendrik Kootstra, 4-5:2-6. Dêrnei in steand nûmer.

 

 

Easterein – Senioaren 1e klasse frije formaasje net beheind

20120812 KNKB_Sen1eklasFrijeformaasje1

Dirk Yde Sjaarda wint yn eigen doarp mei Hendrik Bouwhuis n Gerrit Meijer (ynfallen foar Jouke Bosje) de krânsen op dizze partij mei 19 partoeren. Yn de finale wurdt wûn fan Haye Jan Nicolay, Hendrik Jan v.d. Velde en Tjisse Steenstra as Dirk Yde op 5-5:6-0 in sitbal pleatst. De 3e priis is foar Michiel Scheepvaart, Herman Sprik en Gert Jan Meekma.

 

Sjoch ek by Wedstriidynformaasje, Utslaggen, KNKB

 

 

Wolsum – welpen famkes t.i.l.

20120812 WolsumWelpenfamkes

Yn Wolsum wint Machteld Veldman de krânse mei Fiera de Vries fan Seisbierum. Se winne de finale fan Roelie Kroondijk en Sanne Abma mei 5-1:6-2. Yn de herkansing is der in 1e priis foar Corrie Kroondijk en Foke Jil Bakker. Se winne de finale mei 5-3:6-4

 

 

Sjoch foar alle útslaggen op www.knkb.nl as www.kaatsen.nl