Keatswykein 3, 4 en 5 augustus

Sneon wie de Ald-Meiers yn Hitsum. Easterein stie foar de 13de kear op de list en hat alle edysjes meidien. En sneon en snein fansels de tradisjonele ôfdielingswedstriden foar jonges 14-16 as tarieding op de Freulepartij.

 

 

FREED 3 augustus

 

FEDERAASJE

 

Snits – Jongerein

Fan Annette Kroondijk krigen we in moai oersjoch fan de resultaten fan de Eastereinder keatsers op de federaasjepartij yn Snits.

20120803 FedSnitsjongerein

 

“Eastereinders aardig in de prijzen”, sa skriuwt Annette

 

Welpen : 1e priis Corrie Kroondijk, 2e priis Nynke Paauw, 1e priis ferl. Roelie Kroondijk

Pupillen: 3e priis Julia Paauw, 2e priis ferl. Rutger Wiersma

Skoalbern: 2e priis Janieke Dijkstra

 

 

SNEON 4 augustus

 

KNKB

 

Hitsum – Ald-Meiers

 

Easterein die foar de 13de kear mei en hat op alle edysjes fan de Ald-Meiers dielnommen. Nei in 3e priis yn 2004, winst yn 2007 en 2011 mochten Margretha Terpstra, Nyncke Pytsje Terpstra en Gerry Edou Mollema it besykje mei coach Anco Elgersma. De findeldrager Hans Kooistra wie krekt op tiid werom fakânsje en koe it findel wer troch HItsum drage mei it partoer efter him oan.

 

Easterein moast tsjin Wommels begjinne mei de froulje Tine Maria Greidanus, Sjanet Wijnia en Annabrecht Bruinsma. Wommels komt mei 1-0 foar mar Easterein makket gelyk, 1-1. Wommels slacht de keats foarby op 6-4 en komt op 2-1. Mar Easterein wit wer gelyk te kommen en it wurdt sels 6-6. Wommels slacht de bal kwea út en Easterein komt foar mei 2-3!

 

De partoeren binne oan elkoar weage en it wurdt 3-3. Dêrnei wit Wommels troch te drukken en komt op  5-3 en winne úteinlik fan Easterein mei 5-3 6-2. Letter soe Wommels yn de heale finale ferlieze fan Seisbierrum en de 3e priis winne.

 

Foto’s en nijs oer de Ald-Meiers

20120804 Ald_Meiers1

20120804 Ald_Meiers2

20120804 Ald_Meiers3 

 

Frjentsjer – manlju 1e klasse ôfdieling

Easterein mei Dirk Yde Sjaarda, Jelte Pieter en Bauke Dijkstra ferlieze de 1e omloop fan St Anne dy’t letter de 3e priis winne sil.

 

 

Wytmarsum – jonges ôfdieling en t.i.l.

Easterein mei Doede Rients Okkema, Nies Douwe Yntema en Rémon Tie Bouma ferlieze de 1e omloop fan Holwert dy letter de 3e priis sil winne. Yn de t.i.l.-wedstriid ek gjin sukses foar de Eastereinder jonges. Snein mar wer sjen.

 

 

SNEIN 5 augustus

 

KNKB

Wytmarsum – haadklasse manlju

Dirk-Yde Sjaarda, Hendrik Bouwhuis en Jouke Bosje komme yn Wytmarsum yn de finale troch de heale finale te winnen fan Bauke Triemstra, Pieter Jan Plat en Hendrik  Kootstra mei …

 

Yn de 1e omloop waard wûn fan de PC-winners Hendrik Tolsma, René Anema en Thomas van Zuiden mei …

 

De finale wurdt ferlern fan Gert-Anne vd Bos c.s. mei 5-3:6-2. In moaie 2e priis foar Dirk-Yde, Hendrik en Jouke.

 

 

St Jacob – haadklasse froulju ûnbeperkt

Fan Easterien stienen der 7 froulju fan Easterein op de list.

20120805 StJabik_FHK1

 

Marije Hiemstra en Imke vd Leest winne mei Aukje van Kuiken de 1e omloop op 5-5:6-6 nei 5-3 efter. De twadde omloop wurdt ek krekt wûn fan Joukje Kuperus c.s. De tredde omloop wurdt wûn van Anke Marije Pompstra mei Sanne Velsma en Mariska Hoogland. Yn de finale ferliest Marije c.s. mei 5-0:6-2 fan Harmke Siegersma, Leonie vd Graaf en Fenna Zeinstra.

 

 

Tineke Dijkstra wint mei Judy Bergsma en Marije vd Meer de 1e omloop fan Anna Brecht Bruinsma, Esther Wagenaar en Annelien Broersma. De twadde omloop wurdt ferlern fan de suskes Sybrandy en Maaike Osinga.

 

Martine Tiemersma ferliest mei Nelie Steenstra en Margriet Bakker de 1e omloop fan Hilda Tjepkema c.s.

 

Anke Marije Pompstra, Sanne Velsma en Mariska Hoogland winne de 1e omloop fan Nieke Wateler, Elma Breeuwsma en Lusanne Klaver. Dêrnei wurdt wûn fan Nynke Sinnema, Mirjam Beeksma en Rixt BIjslam. De 3e omloop gie dus ferlern tsjin Marije c.s.

 

Sietske Okkema en Jelien Pompstra ferlearen de 1e omloop krekt mei 5-5:0-6 fan Nynke Sinnema c.s.

 

 

Frjentsjer – jonges ôfdieling

It freulepartoer fan Easterein, Doede Rients Okkema, Nies Douwe Yntema en Remon Tie Bouma hienen in dreech lot hjoed. Se winne wol  de 1e omloop fan Deinum, mar tsjin Frjentsjer waard it 5-0.

 

 

Sjoch foar alle útslaggen op www.knkb.nl as www.kaatsen.nl