Keatswykein 15, 16 en 17 juny

Freed federaasjekeatsen foar de jongerein. Sneon fansels de slachtemaraton en ek keatsen. De buien foelen mei en middeis hearlik waar. Snein itselde byld, mar wol muoilik keatsen mei de hurde wyn.

 

FREED 15 juny

 

FEDERAASJE

 

Easterein – jongerein

 

Folget noch…

 

 

SNEON 16 juny

 

KNKB

 

Danwâld – Manlju haadklasse

Dirk Yde Sjaarda kaam mei syn maten Hendrik Bouwhuis en Jouke Bosje yn de finale tsjin Gert-Anne vd Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. It waard 5-3:6-6 foar Gert-Anne en dy, in moaie twadde priis foar Dirk-Yde endy. 1e omloop winst op Johan vd Meulen c.s., 5-5:4-6, 2e omloop Jan Dirk de Groot c.s. 2-5:4-6 en yn de heale finale winne se fan Haije Nicolay c.s. mei 4-5:2-6.

 

Folsgeare – Famkes A+B-klasse

Yn de B-klasse wie der in 2e priis foar Margretha Terpstra mei Elma Breeuwsma en Sigrid de Jong.

 

Eksmoarre – Pupillejonges A+B-klasse

Yn de B-klasse wie der in 3e priis foar Hendrik vd Eems mei Taeke Hofman fan
Dronryp.

 

Burgum – Welpenfamkes t.i.l.

By de welpefamkes (mar 7 twatallen yn BUrgum) dienen Nynke Paauw, Roelie en Corrie Kroondijk mei. Der wie in twadde priis foar Roelie mei Femke Terpstra, Wommels.

 

 

Snein 17 juny

 

KNKB

 

Reduzum – Haadklasse froulju

Yn Reduzum stienen Marije Hiemstra, Martine Tiemersma en Margriet Bakker yn de finale tsjinoer Lisette Wagenaar, Leonie Zeinstra en Fenna Zeinstra. Se kamen mei 3-1 foar en ek mei 4-3, mar ferlearen doch noch mei 5-4:6-6. Yn de 1e omloop hienen Marije endy al foar in stunt soarge mei winst op Iris vd Veen c.s. en yn de heale finale gienen se troch mei harren deeglike spul en wûnen doe fan Ilse Noorman, Mariska Hoogland en Anke Marije Pompstra. De lêsten ferlearen ek de striid om de 3e priis mei 5-4:6-2.


Lekkum – Heren 30+

Yn Lekkum hat Harm Auke Dijkstra (Easterein) de krâns wûn op de t.i.l. wedstriid foar heren 30+. Ut in list fan 6 partoer kaam Harm Auke mei Sjoerd Boonstra (Akkrum) en Jacob Kamstra (Frentsjer) as winner út ‘e bus!


We hoopje op noch in foto!

 

 

Penjum – Jonges ôfdieling en t.i.l.

Yn de t.i.l.-wedstriid hie Remon Tie Bouma mei Sybren Blanksma (Dronryp), Patrick Nauta (Berltsum) samar yn de krânsen stean kinnen! It waard de 2e priis op 5-5:6-6!

 

Harns – Pupille Famkesonges t.i.l.

20120617 Harns_Pupillenfamkes

It partoer fan Kim Dijkstra (Makkum) en ús eigen Jeska Terpstra (Easterein) mochten snein yn de A-klasse de krânsen meinimme út Harns. Kim en Jeska ha in tige spannende finale wûn mei 5-5 6-4 tsjin Selma v/d Molen (Witmarsum) en Rixt Wijnia (Wommels).

 

 

Letter mear…..

 

Sjoch foar alle útslaggen op www.knkb.nl as www.kaatsen.nl