Nederlânske Kampioenskippen 23-6

Sneon 23 juny binne de earste Nederlânske kampioenskippen keatsen.

 

NK Jonges

Yn Kimswert is it NK Jonges. Der dogge 32 partoeren mei en Easterein keatst mei de jonges Doede Rients Okkema, Nies Douwe Yntema en Remon Tie Bouma. Yn de earste omloop begjinne hja as partoer 13 tsjin Grou.

In soad sukses jonges!

 

NK Famkes

Yn Ljouwert is it NK Famkes. Der dogge 22 partoeren mei en Easterein keatst mei de famkes Gerry Edou Mollema, Arjanne Schaafsma en Nyncke Pytsje Terpstra. Yn de earste omloop begjinne hja as partoer 10 tsjin St Anne.

In soad sukses famkes!

 

Beide NK’s binne ek live te folgjen op de website fan de KNKB.

NK jonges en NK famkes – LIVE te folgjen!

 

Sneon 30 juny binne de Nederlânske Kampioenskippen foar de pupillenjonges en pupillenfamkes!

De pupillenjonges yn Wytmarsum en de pupillenfamkes yn Akkrum. Wa dêr hinne gean heare jimme letter.