Keatswykein 17, 18 en 19 augustus

In smoarhyt wykein op de keatsfjilden. Mar net allinnich dêr. Der waard ek al wer fuotballe foar de beker en in stikmannich wienen op Lowlands en dronken dêr 100.00 liter wetter yn it oere! Foar it keatsen wie it einliks te hy, mar it measte is trochgien, lykas de generale foar de frouljus PC yn Akkrum.

 

 

FREED 17 augustus

 

FEDERAASJE

 

Boazum – jongerein

Noch gjin ynformaasje…

 

 

KNKB

 

Minnertsgea – froulju haadklasse

De earder ôflaste wedstriid foar de haadklasse froulju waard freed ynhelle. De heale finales, finale en striid om de 3e priis moasten noch ferkeatst wurde.

 

Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Aukje van Kuiken winne de 3e priis op 5-5:6-6 fan Joukje Kuperus c.s.

 

 

SNEON 18 augustus

 

FEDERAASJE

 

Goaiïngea – senioaren

Noch gjin ynformaasje…

 

 

KNKB

Wynaam – froulju 1e klasse t.i.l.

Tineke Dijkstra wint mei Hermine Sytema en Marije vd Meer in 3e priis. Yn de herkansing wie der in 1e priis foar Gabriële Bouma mei Nelie Steenstra en Freekje Walsma.

 

 

Broeksterwâld – Jonges A+B

Der waard yn ien klasse keatst en Bote Jellema wint mei Erwin Zijlstra en Jelte Drijfhout op 5-5:6-6 de krânsen!

 

 

Ferwert – Famkes A+B

Ek yn Ferwert waard yn ien klasse keatst. Yn de herkansingsronde wie der 2e priis foar Margretha Terpstra mei Marrit Zeinstra en Anne Nieke Bergsma.

 

 

Dronryp – pupillenfamkes A+B

20120818 Dronryp_pupillenfamkes 

Yn de A-klasse is de krâns foar Jeska Terpstra mei Amarins de Groot fan Mantgum.

20120818 Dronryp_pupillenfamkesB2
20120818 Dronryp_pupillenfamkesBH2 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Yn de B-klasse in 2e priis foar Selma de Boer mei Ilse vd Zee fan Hallum. Yn de herkansing wie der in 2e priis foar Mirjam Punter mei Margriet Miedema fan Berltsum.

 

 

SNEIN 19 augustus

 

KNKB

 

Akkrum – Froulju haadklasse frije formaasje

Op de generale foar de Frouljus PC wie der gjin priis foar de Eastereinder froulju. Tineke Dijkstra, Sietske Okkema (ynfallen foar Judy Bergsma) en Marije vd Meer ferlearen de 1e omloop fan Joukje Kuperus c.s. Ek Anke Marije Pompstra mei Sanne Velsma en Mariska Hoogland ferlearen de 1e omloop, hja fan Rianne Vellinga c.s.

 

Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Aukje van Kuiken wûnen de 1e omloop, mar ferlearen dêrnei fan Joukje Kuperus c.s. Ek Martine Tiemersma mei Nelie Steenstra en Margriet Bakker kamen net fierder dan de 2e omloop. Dêr ferlearen hja fan Romy vd Veen c.s. Yn de 1e omloop hienen se knap wûn fan Nynke Sybrandy c.s.

 

Woansdei op de frouljus PC yn Wiedum (11.00) mar sjen hoe it dan rint!

 

Foar de Van Aismadagen yn Bitgum binne mar leafst 5 Eastereinder froulju útnoege: Marije Hiemstra, Imke v.d. Leest, Tineke Dijkstra, Martine Tiemersma en Anke Marije Pompstra.

 

 

Doanjum – pupillenfamkes A+B

20120819 Doanjum

Der waard hjir ek yn 1 klasse keatst en der wie in 2e priis foar Jeska Terpstra mei Joanne Elise Broeders.

 

 

Winsum – welpenfamkes

20120819 Winsum_welpenfamkes 

Yn Winsum in 2e priis foar Corrie Kroondijk mei Sanne Abma. Yn de herkansing wie der in 1e priis foar Roelie Kroondijk en Machtelt Veldman.