Froulju’s PC, PC, Ald-Meiers, Freule

It binne de wiken fan de wichtige keatswedstriden. Eiliks stiet de moanne augustus yn it teken fan de PC yn Frjentsjer, de Ald-Meiers yn Hitsum, de Freule yn Wommels en de Froulju’s PC yn Weidum. Wy as feriening binne bliid dat we ek ferskate Eastereiner talinten oanmoedigje kinne op dizze wedstriden!

 


Froulju’s PC


2012 FrouljusPC

Lotting

 

20-8-2012 – De list is bekend!

Anke Marije Pompstra en har maten Sanne Velsma en Mariska Hoogland mei daliks begjinne as partoer 1 tsjin de favoriten Iris vd Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra.

 

 

De nichtjes Martine Tiemersma (mei Nelie Steenstra en Margriet Bakker) en Tineke Dijkstra (mei Judy Bergsma en Marije vd Meer) moatte tsjin elkoar as partoeren 7 en 8.

 

 

Marije Hiemstra en Imke vd Leest mei Aukje van Kuiken lykje it bêste lot te ha. As partoer 11 mei earst los tsjin Ilse Noorman, Anke Winkel en Bianca vd Veen.

 

 

We winskje alle froulju in soad sukses woansdei yn Weidum!

 

 

List 36ste Frouljus PC

 

 

 

Moandei 20 augustus om 20.00 oere is de lotting fan de 36ste Frouljus PC yn it doarpshûs fan Weidum.

 

 

De Froulju’s PC wurd ferkeatst op woansdei 22 augustus yn Weidum. Ofrûne wykein wie de tradisjonele 1e klas wedstriid yn Rie. Meastal wurdt dêr troch de TC bepaald hokker partoeren nei Akkrum meie (snein 19 agustus – 12 partoer) en dus nei de Frouljus PC.

 

De dielnimmende partoeren oan de Frouljus PC binne bekend! Fan Easterein dogge der mar leafst FIIF froulju mei! Dat binne:

 

Marije Hiemstra, Imke van der Leest, Aukje van Kuiken Kollumerpomp

 

Nelie Steenstra Bitgummole, Martine Tiemersma, Margriet Bakker Groningen

 

Tineke Dijkstra, Judy Bergsma Wommels, Marije van der Meer Groningen

 

Sanne Velsma Groningen, Mariska Hoogland Bitgummole, Anke Marije Pompstra

 

 

Der hienen sels 7 Eastereinder froulju stean kinnen, mar it partoer fan Hermine Sytema, Deinum, Sietske Okkema en Jelien Pompstra waard ôfwezen foar de PC. De oare 8 partoeren binne:

 

Lisette Wagenaar Sint Annaparochie, Leonie van der Graaf Berltsum, Fenna Zeinstra Bolsward

Joukje Kuperus Dronryp, Feikje Bouwhuis Bolsward, Harmke Siegersma Berltsum

Nynke Sijbrandij Dearsum, Maaike Osinga Franeker, Wiljo Sijbrandij Dearsum

Iris van der Veen Franeker, Sjoukje Visser Ee, Manon Scheepstra Franeker

Rianne Vellinga Franeker, Marike Beckers Bolsward, Miranda Scheffer Menaam

Evelien Westra Bitgummole, Marit Kuperus Franeker, Janneke Terpstra Wolsum

Marie-jetske Lettinga Groningen, Klasine Huistra Reduzum, Geke de Boer Wergea

Ilse Noorman Mantgum, Anke Winkel Hijum, Bianca van der Veen Leeuwarden

 

Letter mear….

 

 


Freule

20120808 Freule_artikel

 

8 augustus 2012 – It Eastereiner partoer op de Freule

 

Easterein mei Doede Rients Okkema, Nies Douwe Yntema en Rémon Tie Bouma begjinne mei coach Marten Faber de dei tsjin Boalsert. Op it byfjild is it fansels allegear Easterein!

 

Easterein-Boalsert 5-4:6-4

Easterein komt in earst efter, mar nimt letter de lieding mei 3-2. Doede Rients en Remon Tie slaan om bar foar bêst op en Nies Douwe hat earst foar minst opslein, mar dat slagge wat minder. Doede Rients stiet foaryn en Rémon Tie efteryn. Op 3-2:4-6 slacht Remon kwea út, 3-3.Op 6-2 slacht Doede de keats foarby, 4-3. De mannen slaan nochal ûnwis op, mar op 6-6 pleatst Remon Tie in sitbal, mar de karmaster let net op en jout em út, 4-4.

We komme wer foar as op 4-2 Doede Rients prima boppe slacht en by de lytse keats slacht Remon heech op en Boalsert kin de keats net foarby, 5-4. Op 6-4 slacht Boalsert de bal bûten en Easterein nei de 2e omloop.

 

 

Easterein – Hantum 5-2:6-6

Al rint de opslach noch net lekker, yn it perk en tuskenspul giet it better. Se komme op moaie 3-0 foar. De 1-0 as Doede Rients boppe slacht op 6-2, 2-0 nei in sitbal fan Doede Rients op 6-6. Derfoar hier Remon Tie by 6-2, twa kear it perk mist. Se kinne it goed oernimme fan elkoar.

Hantum komt op 3-1 as Doede Rients bûten slacht op 6-6. Yn it folgjende earst makket hy it goed as hy op 6-0 in sitbal pleatst. By 2-2 mist Hantum trije kear it perk en 5-1 is de stân. Remon Tie slacht boppe op 6-2 en Easterein yn de 3e omloop!

 

 

Easterein – Alde Leije 1-5:0-6

De 3e omloop keatse Easterein en Alde Leije op it haadfjild. As it der no troch kaam of wat oars, mar it rûn foar gjin meter mear. Fansels, ALde Leije keatste hiel deeglik en rêstich nei de oerwinning en yn de prizen. Sawol Doede Rients as Remon Tie misten it perk fierstentefolle. Ek Nies Douwe koe net echt better. Easterein pakt pas in earst as se al efter stean mei 0-4. Der moat by sein wurde dat twa earsten op 6-6 en twa op 4-6 ferlern waarden. 0-1, ALde Leije op 6-6 retour perk, 0-2 keats net foarby Easterein, 0-3, Doede Rients 2x bûten op 4-4, 0-4, sitbal Alde Leije op 6-6.

 

Op 6-6 pleatst Doede Rients ek in sitbal en is it 1-4. Op 1-5:4-6 is it oer foar Easterein as Alde Leije in sitbal pleatst op 1-5:4-6. De jonges makken tafolle fouten by de opslach en dan wurdt it fansels dreech. It is jammer. Oare jier better!

 

Foar alle foto’s fan de Freule, sjoch ûnder Foto’s yn it menu hjirboppe.

 

En fansels foto’s fan Henk Bootsma Fotografie!

 2012 FreuleVilla

Sneon 4 augustus

Foar famkes de Ald-Meiers, sa is der foar de jonges de Freule. Dizze partij wurd dit jier alwer foar de 110e kear ferkeatst en wol op woansdei 8 augustus. Foar Easterein steane Doede Rients Okkema, Nies Douwe Yntema en Rémon Tie Bouma op ‘e list.

 

De lotting fan sneon 4 augustus yn it Reade Hynder hat Easterein as partoer 33 keppele oan it partoer fan Boalsert mei de keatsers Roeland Damsma, René Boschma en Teun Miltenburg.

 

Wedstriidlist 110de Freule

 

We winskje Doede Rients, Nies Douwe en Remon Tie in hiel soad sukses!

 

Revânsfreule yn Hylaard(pdf)!

 

 

 


 

 

 

 

 

 

 

 

 

 Ald Meiers – Hitsum

2012 SulverenPong

De wedstriid

 

Easterein die foar de 13de kear mei en hat op alle edysjes fan de Ald-Meiers dielnommen. Nei in 3e priis yn 2004, winst yn 2007 en 2011 mochten Margretha Terpstra, Nyncke Pytsje Terpstra en Gerry Edou Mollema it besykje mei coach Anco Elgersma. De findeldrager Hans Kooistra wie krekt op tiid werom fakânsje en koe it findel wer troch HItsum drage mei it partoer efter him oan.

 

Easterein moast tsjin Wommels begjinne mei de froulje Tine Maria Greidanus, Sjanet Wijnia en Annabrecht Bruinsma. Wommels komt mei 1-0 foar mar Easterein makket gelyk, 1-1. Wommels slacht de keats foarby op 6-4 en komt op 2-1. Mar Easterein wit wer gelyk te kommen en it wurdt sels 6-6. Wommels slacht de bal kwea út en Easterein komt foar mei 2-3!

 

De partoeren binne oan elkoar weage en it wurdt 3-3. Dêrnei wit Wommels troch te drukken en komt op  5-3 en winne úteinlik fan Easterein mei 5-3 6-2. Letter soe Wommels yn de heale finale ferlieze fan Seisbierrum en de 3e priis winne.

 

Foto’s en nijs oer de Ald-Meiers

 

 

Sneon 4 augustus reizigje ús fammen ôf nei Hitsum foar de Ald-Meierspartij, ien fan de wedstriden fan de fjouwer wimpels (Ald-Meiers, Jong-Famme, Froulju’s NK, Froulju’s PC). Der steane 22 partoeren op ‘e list en Easterein hat partoernûmer 6. Margretha Terpstra, Nyncke Pytsje Terpstra en Gerry Edou Mollema nimme it yn de earste omloop op tsjin Wommels mei de keatsters Tina Maria Greidanus, Sjanet Wijnia en Anna-Brecht Bruinsma.

 

Foarich jier in geweldige winst fan Easterein op de Ald-Meiers. Tineke Dijkstra, Martine Tiemersma en Jelien Pompstra ha de ‘Sulveren Pong’ in jier lang yn Easterein hâlden mochten. We hoopje fansels dat dizze moaie wikselpriis dit jier wer nei Easterein giet!

 

Yn 2007 wûn Easterein ek de Ald-Meiers, doe mei Jildou Jorritsma, Marije Hiemstra en Anke Marije Pompstra. Yn 2004 wie der in 3e priis foar Tineke Yntema, Ineke Attema en Joutsen Okkema. Dy beide kearen wie Hammie Westra de coach. Easterein hat tegearre mei Dronryp oan alle 13 edysjes meidien!

 

Histoarje Ald-Meiers

 

2011, Tineke Dijkstra, Jelien Pompstra, Martine Tiemersma, 1e priis

1e omloop, Wergea, 5-3:6-2

2e omloop, Dronryp, 5-3:6-0

3e omloop, Wommels, 5-4:6-0

Heale finale, steand nûmer

Finale, Stiens, 5-1:6-2

Winner: Easterein

 

 

2010, Tineke Dijkstra, Jelien Pompstra, Martine Tiemersma

1e omloop, Raerd, 5-1:6-4

2e omloop, Stiens, 2-5:6-6

3e omloop, Grou, 5-4:6-6

Winner: Grou

 

2009, Tineke Dijkstra, Martine Tiemersma, Sietske Okkema

1e omloop Rie, 5-0:6-6

2e omloop Easterlittens, 5-4:6-6

3e omloop, Seisbierrum, 3-5:6-6

Winner: Frjentsjer

 

2008, Lysbet Bakker, Gabriële Bouma, Sietske Okkema

1e omloop, Boalsert, 5-4:6-6

Winner: Frjentsjer

 

2007, Jildou Jorritsma, Marije Hiemstra, Anke Marije Pompstra, 1e priis.

1e omloop Deinum, 5-3:6-4

2e omloop, Bitgum, 5-0:6-0

3e omloop, Berltsum, 5-3:6-2

Heale finale, Seisbierrum, 5-0:6-4

Finale, Boalsert, 5-1:6-2

Winner: Easterein

 

2006, Britt Scheltema, Marije Hiemstra, Anke Marije Pompstra

1e omloop, Winsum, 5-3:6-6

Winner: Goaiïngea

 

2005, Rianne Eringa, Ida Hallema en Anke Marije Pompstra

1e omloop, Skearnegoutum, 5-0:6-4

2e omloop, Boalsert, 5-1:6-6

Winner: Boalsert

 

2004, Tineke Yntema, Ineke Attema, Joutsen Okkema, 3e priis.

1e omloop, Wommels, 5-0:6-0

Steand nûmer

3e  omloop, Menaam, 5-1:6-2

Heale finale, Bitgum, 5-4:6-4

Winner: Penjum

 

2003, Tineke Yntema, Ineke Attema, Joutsen Okkema

1e omloop, Húns, 5-1 6-4

2e omloop, Boalsert, 2-5 4-6

Winner: Ie

 

2002, Tineke Yntema, Ineke Attema, Joutsen Okkema

1e omloop, St Anne, 1-5 2-6

Winner: Minnertsgea

 

2001, Henny Bouma, Wiepkje Hiemstra, Nynke Joustra

1e omloop Easterein – Weidum, 5-3 6-6

2e omloop Easterein – Minnertsgea, 4-5 4-6

Winner: Hallum

 

2000, Tsjerkje Posthuma, Wiepkje Hiemstra, Nynke Joustra

1e omloop, Eksmoarre, 5-5 6-4

2e omloop, Hallum, 0-5 2-6

Winner: Boalsert

 


 

 

 

 

 

 

 

 

 

PC – Frjentsjer

 

 

Jelte Pieter Dijkstra, Erik Haitsma en Peter de Boer wurde ‘wreed’ fan de PC-list slein troch Hendrik Tolsma, René Anema en Thoma van Zuiden. By de stân fan 5-0 slacht Jelte Pieter in bla kwea op, ien foar en dan slacht Thomas in bal boppe. Op 5-0:6-0 bringt Jelte Pieter de bal foaryn by René en dy slacht út. De bal wurd werom slein troch Erik, mar René stiet te plak en tikket de bal boppe.

 

Jelte Pieter Dijkstra, Erik Haitsma en Peter de Boer winne de 1e omloop fan Menno van Zwieten, Jacob Klaas Haitsma en Sjoerd de Jong mei 5-2:6-6. Yn de 2e omloop nimme se it op tsjin Hendrik Tolsma, René Anema en Thoma van Zuiden. Dizze mannen fersloegen it partoer Pieter van Althuis, MIchel vd Veen en Hans Wassenaar, 0-5:6-6!

 

Dirk-Yde Sjaarda, Hendrik Bouwhuis en Jouke Bosje ferlieze de 1e omloop fan it sterke partoer fan Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra, Pier Piersma  mei 5- 2:6- 2.

 

Sipke Hiemstra is hjoed 1e skiedsrjochter op de PC yn Frjentsjer. Hy wurket tegearre mei Hendrik Sweering van Folsgeare.

2012 PC

 

Woansdei 1 augustus is it safier. De PC yn Frjentsjer wêr’t tûzenden minsken fan it keatsen en de wille derom hinne genietsje sille. Dirk-Yde Sjaarda mei fuort los as partoernûmer 2 mei syn maten Hendrik Bouwhuis en Jouke Bosje. Sy sille it opnimme tsjin it haadklasse partoer Jan Dirk de Groot, Renze Hiemstra en Pier Piersma. Se kinne alle steun brûke dus soargje derfoar dat jimme 9.30 oanwêzich binne om Dirk-Yde en syn maten nei in oerwinning te roppen!

 

 

As ien-nei-lêste partoer op ‘e list mei Jelte-Pieter Dijkstra mei syn maten Erik Haitsma en Peter de Boer oantrede tsjin Menno van Zwieten, Jacob Klaas Haitsma en Sjoerd de Jong. In bruorrenstriid tusken de Haitsma’s. We wachtsje it ôf!

 

Histoarje PC foar Eastereiners

2010 2e priis foar Pieter van Althuis, Jacob Klaas Haitsma, Gerrit Flisijn

2009 2e priis foar Dirk Yde Sjaarda, Erik Haitsma, Tjibbe Hansma

2008 Stimulearingspriis foar Jelte Pieter Dijkstra, Hans Wassenaar en Site Ferwerda

2007 3e priis foar Feite de Haan, René Anema en Willem Rienks

2006 Stimulearingspriis foar Feite de Haan, René Anema en Willem Rienks

1964 2e priis G. Okkinga, S. Sikkema, K. Cuperus

1963 1e priis Gerrit Okkinga, Drewis Smedinga, Martinus Santema

1962 1e priis Gerrit Okkinga, Drewis Smedinga, Sjoerd Heeringa

1959 3e priis G. Okkinga, B. van Dijk, J. Halbesma

1927 3e priis J. Heeg, S.A. de Haan, A.A. de Haan

1925 4e priis M. Miedema, J. Heeg, R. Yetsenga

1922 1e priis Taede Zijlstra, Jan IJ. Heeg, Rinze R. Yetsinga

1921 1e priis Taede Zijlstra, Jan IJ. Heeg, Rinze R. Yetsinga

1919 1e priis Jan IJ. Heeg, Anne Smidts, Sybolt M. Tigchelaar

1905 3e priis Johs. Struiksma, H. v.d. Feer, A. Terpstra

1854 2e prijs Johannes F. Felkers, Pieter F. Felkers, Machiel T. Tuinstra