Keatswykein 25, 26, 27 en 28 maaie

Fan freed by de federaasjewedstriden oant moandei by it NK senioaren. It wie allegear keatsen di wykein en ek wer allegear prizen!

 

Freed 25 maaie

FEDERAASJE

Goaiïngea Freed yn Goaiïngea in federaasjewedstriid foar de jongerein. By de pupillen wie der in 2e priis foar Slema de Boer mei Marije Sweering fan Folsgeare. Margriet Jellema hie de 3e priis yn de ferliezersronde en dêrmei hienen alle dielnimmers fan Easterein in priis. By de skoalbern in krânse foar Jorrit Veldman mei Lex Potma fan de Hommerts. Se winne de finale mei 5-4:6-4.

20120525 Goaiïngea

 

Sneon 26 maaie

KNKB

NK Junioaren

It partoer fan Easterein mei Danny Roos, Carlo Booms en Jelte Pieter Dijkstra keatse de 1e omloop tsjin Dronryp. Se ferlieze dat mei 5-5:6-4. Fan hearen sizze rûn de opslach goed, mar wie it perk wat minder by machte tsjin Dronryp.

Winner fan it 100ste NK foar junioaren wurdt it partoer fan St Anne mei Sjoer de Jong en Rein en Krijn Hiemstra. Lokwinske!

 

Pupillenjonges

Yn Weidum wint Rutger Wiersma mei Jort Norder fan Frjentsjer de tredde priis yn de B-klasse.

 

Pupillenfamkes

Selma de Boer wint de krânse yn Easterwierrum mei Ilse van der Zee fan Hallum. Foto folget noch…

 

Welpenfamkes

Roelie Kroondijk wint in 2e priis yn de ferliezersronde mei Marlies Bonnema fan Winsum.

 

Snein 27 maaie

LEDEN

Pearkekeatsen

Yn Easterein wie pearkekeatsen yn 4 klassen mei 38 partoeren. Hjir de krânsewinners.

Foar it ferslach sjoch by Wedstriidynformaasje, Utslaggen, Leden

20120527 Pearkekeatsen1

20120527 Pearkekeatsen2

 

KNKB

Haadklasse froulju útnoeging

Anke Marije Pompstra wint har earste krânse op in haadklassewedstriid foar froulju. Op de útnoegingswedstriid yn Jortwert keatst hja mei JOukje Kuperus en Leonie vd Graaf. Yn de finale makket Anke Marije de partij op 5-4:6-6 út mei in boppeslach. Se winne de finale fan Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Bianca vd Veen.

20120526 jorwert

 

Froulju 1e klas t.i.l.

Yn Deinum wint Martine Tiemersma de 2e priis mei Boukje Houtsma en Judy Bergsma.

 

Moandei 28 maaie

KNKB

NK Senioaren

Easterein mei Jelte Pieter Dijkstra, Pytrik Hiemstra (ynfallen foar de blessearre Dirk-Yde Sjaarda) en Bauke Dijkstra keatst de earste omloop tsjin Damwâld mei Johan vd Meulen, Jouke Hellinga en Jan Jelle Jongsma. Nei 5-2 efter komme se noch al op 5-3, mar op 6-6 kinne we de keats net foarby. Lykas sneon by it NK Junioaren komme we hjoed ek net fierder dan de 1e omloop.

 

Sjoch foar alle útslaggen op www.knkb.nl as www.kaatsen.nl