Pinksternijs

We stean foar it pinksterwykein en it wykein stiet fol fan sport. Keatsen, fuotbal, fytsen, ensfh. En wat is der dan allegear?

 

Freed 25 maaie

 

Jûn de slotdei fan de jongerein fan vv SDS

 

Kom nei Wommels, jiermerke

 

Yn Goaiïngea (Federaasje Snits) en Easterlittens (Federaasje Littenseradiel) binne Federaasjewedstriden

 

Sneon 26 maaie

 

Yn Frjentsjer steane Danny Roos, Carlo Booms, Jelte Pieter Dijkstra foar Easterein op de 100ste edysje fan it Nederlânsk Kampioenskip keatsen. Der steane 27 partoeren op de list

Hja begjinne de dei as partoer 6 tsjin Dronryp, Sjirk de Wal mei de keatsers Wierd Baarda, Jan Sipke Tuinman en Jan Dominicus v.d. Wal. De beide ferienings binne elkoar ferline jier ek faak tsjinkommen op de fjilden.

Wy winskje de mannen in soad sukses!

 

Dêrneist allegear KNKB-wedstriden foar de jongerein.

 

Om 14.30 begjint v.v. SDS oan de earste fan twa wedstriden tsjin Makkum foar it behâld fan in plak yn de kompetysje fan de 2e klasse. Sukses mannen!

De weromwedstriid yn Makkum is op sneon 9 juny.

 

Snein 27 maaie

 

Yn Easterein ha we it PEARKEKEATSEN! We binne benijd hoefolle pearkes dit jier yn 4 klassen stride sille om de ear en de krânsen. Kom snein nei de sportfjilden yn Easterein foar in sportive en gesellige middei.

It moaie nije terras op it B-fjild lonket nei jimme!

 

Moandei 28 maaie

 

Ierebetiid stappe de earsten op de fyts foar de 11-stêdentocht. De tocht op redens koe net plakfine (net offisjeel), dat dan mar op de fyts! Sukses Eastereinder en oare fytsers en fytsters!

 

Yn Frjentsjer op de fuotbalfjilden it Nederlânsk Kampioenskip foar senioaren. Foar Easterein komme dêr Jelte Pieter Dijkstra, Dirk Yde Sjaarda en Bauke Dijkstra yn’ e krite as partoer 12.

Hja nimme it earst op tsjin Damwâld mei de keatsers Johan van der Meulen, Sjouke Hellinga en Jan Jelle Jongsma.

In soad sukses tawinske mannen!

 

LIVE FERSLACH NK JUNIOAREN en NK SENIOAREN