Keatswykein 8, 9 en 10 juny

It like wol hjerst sa’n min waar op sneon! Freed waard der nachtkeatst en dat wie ek al mei hurde wyn. Snein wie it wer tige noflik op de keatsfjilden. Hawar, yn Easterein is it altyd moai waar by it keatsen!

 

FREED 8 juny

 

FERIENING

 

Easterein – Nachtkeatsen senioaren

Freedtejûn wie der nachtkeatsen foar de senioaren. Wol oan de betiide kant fan it seizoen. Meastal is it yn de lêste wike fan augustus, mar dan binne de feesten fan de Skoalleseize. De dielname wie ek net sa grut. Ferslach en útslach folget noch!

 

 

FEDERAASJE

 

 

Itens – federaasje jongerein

Yn Itens wienen freed de skoalbern, famkes en jonges te gast. Gertjan Bootsma, Jorrit Veldman en Marianne de Vries hienen de 2e priis.

Bij de welpen foelen Bauke Reijnhoudt en Roelie Kroondijk yn de prizen en by de pupillen prizen foar Julia Pauw en Kees van der Horst.

 

 

 

KNKB

 

 

Stiens – haadklasse froulju útnoeging

Imke vd Leest wint de krânsen yn Stiens mei Lisette Wagenaar en Feikje Bouwhuis. Se winne de finale fan Afke Kuipers (Dy’t hjoed ek ôfskie naam fan it keatsen), Leonie vd GRaaf en Margriet Bakker.

 

 

SNEON 9 juny

 

 

FEDERAASJE

 

 

Itens – federaasje jongerein

Bij de welpen foelen Bauke Reijnhoudt en Roelie Kroondijk yn de prizen en by de pupillen prizen foar Julia Pauw (2e priis) en Kees van der Horst (3e priis).

20120609 Itens

 

KNKB

 

Ternaard – Manlju haadklasse útnoeging

Jelte Pieter Dijkstra wint de 3e priis mei Teake Triemstra en Hans Wassenaar. Se ferlieze de heale finale fan Martijn Olijnsma, Jacob Klaas Haitsma en Folkert vd Wei mei 5-5:6-0.

 

 

Reahûs – Froulju 1e klasse t.i.l.

In 3e priis foar Tineke Dijkstra mei Romy vd Veen en Janneke Terpstra. Hja ferlearen de heale finale fan de lettere winners.

 

 

Snein 10 juny

 

KNKB

 

Hearrenfean – Manlju 1e klasse f.f – beheind

Dirk-Yde Sjaard wint mei syn frije formaasje partoer mei Hendrik Bouwhuis en Jouke Bosje de krânsen yn Hearrenfean.  Se winne mei in folle tillegraaf fan Bauke Triemstra, Pieter Jan Plat en Hendrik Kootstra, doe’t Bauke de bal bûten sloech.

20120610 Heerenveen

 

 

Easterein – Froulju 1e klasse f.f.

20120610 EastereinFroulju

De wedstriid by de froulju wurdt wûn troch Hilda Tjepkema, Maaike Osinga en Maaike Bruinsma. Se winne mei 5-3:6-2 fan Rianne Vellinga, Marike Beckers en Miranda Scheffer as Maaike Osinga boppe slacht. De tredde priis wie foar it partoer fan Evelien Westra, Marit Kuperus en Anke Winkel. Sy koene it yn de heale finale net oprêde tsjin Rianne c.s. en ferlearen mei 5-3 6-0.

Utslach:
1e priis Hilde Tjepkema, Maaike Osinga en Maaike Joostema
2e priis Rianne Vellinga, Marike Beckers en Miranda Scheffer
3e priis Evelien Westra, Marit Kuperus en Anke Winkel

 

 

Yn de ferliezersronde winne Hermine Sytema, Sietske Okkema en Jelien Pompstra fan Nynke Sinnema, Klasine Huistra (ynfallen foar de blesseare Mirjam Beeksma) en Rixt Bijlsma mei 5-5 8-6 as Jelien de lytse keats foarby slacht.

Utslach:

1e priis Hermine Sietema, Sietske Okkema en Jelien Pompstra
2e priis Nynke Sinnema, Mirjam Beeksma en Rixt Bijlsma

 

 

Mantgum – Jonges A+B-klasse

Yn Mantgum in 2e priis foar Doede Rients Okkema mei Sieb Driessen (Minnertsgea) en Jelte Vis (Arum).

 

 

Easterein – Famkes ôfdieling

20120610 EastereinFamkesOfd

Yn de finale úteinliks in treffen tusken Dronryp, mei Jeanette Jansma, Anouk Tolsma en Elly Hofman, en St. Annaparochie, mei Natasja Braaksma, Esther Wagenaar en Lilijan Kingma. Dronryp keatste de hiele dei sterk en wisten de winners fan foarich jier yn bedwang te hâlden troch te winnen mei 5-3 en 6-6. Dat betsjut al de tredde winst op in ôfdielingspartij foar Dronryp. De twadde priis gie dus nei St. Annaparochie, dy’t yn de heale finale nei in efterstân fan 5-3 úteinliks doch fan Folsgeare wisten te winnen mei 5-5 0-6. Folsgeare, mei Rixt Hettinga, Elma Breeuwsma en Jildou Sweering behellen dermei de tredde priis.

Utslach:
1e priis Dronryp Jeanette Jansma, Anouk Tolsma en Elly Hofman
2e priis St. Annaparochie Natasja Braaksma, Esther Wagenaar en Lilijan Kingma
3e priis Folsgeare Rixt Hettinga, Elma Breeuwsma en Jildou Sweering

 

 

 

Easterein – Famkes t.i.l.

20120610 EastereinFamkesTil

 

De finale wie in partij tusken de partoeren fan Marte Altenburg, Anja Kuik en Margaretha Terpstra en Ilse Tuinenga, Akkelyna de Haan en Nynke Pytsje Terpstra. Ilse c.s. winne úteinliks de finale troch mei 5-3 en 6-6 te winnen en dêrmei wie de twadde priis foar Marte c.s. Der wie ek noch in tredde priis foar it partoer fan Alina Brandsma, Anne Nieke Bergsma en Melissa Rianne Hiemstra. Sy ferlearen yn de heale finale fan de úteinlike winners, Ilse c.s.mei 5-3 6-2.

Utslach famkes t.i.l.:
1e priis Ilse Tuininga, Akkelyna de Haan en Nynke Pytjse Terpstra
2e priis Marte Altenburg, Anja Kuik en Margaretha Terpstra
3e priis Alina Brandsma, Anne Nieke Bergsma en Melissa Rianne Hiemstra

 

Spannum – Manlju 1e klasse f.f – beheind

20120610 Spannum

Corrie Kroondijk wint mei Dian Dijkstra fan Jirnsum de krânsen by de welpenfamkes yn Spannum

 

Sjoch foar alle útslaggen op www.knkb.nl of www.kaatsen.nl