Greidhoeketitel nei it Bilt!

St Anne, 6 juny 2012. De junioaren fan St Anne, de Nederlânsk Kampioenen, pakten foar St Anne it kampioenskip fan de Greidhoekekompetsyje. De froulju fan St Anne hienen ferlern fan Easterein, 0-1. De manlju fan St Anne wûnen ienfâldich, 1-1. De beslissing foel by de junioaren yn in spannende partij!

20120606 GRK_Winners

Efter: Wietse Jan Dijkstra, Pietr Jan Plat, Jacob Wassenaar

Midden: Krijn Hiemstra, Rein Hiemstra, Sjoerd de Jong

Foar: Mina Dijkstra, Riska Hazenberg, essie Westra

 

In soad publyk en leafhawwers wienen op sportpark “De Waaie”, mei it prachtige nije gebou, takommen en tsjûge fan dit moaie keatsbarren tusken de Biltkers en de Greidhoekers. En al wie der om healwei fiif oere noch in flinke bui fallen, we hienen der prachtich waar by!

 

Yn de striid om it kampioenskip koenen de Eastereiner junioaren mei Jelte Pieter Dijkstra, frommeske Martine Tiemersma en jonge Doede Rients Okkema by bliuwe oant 5-5. Mar yn it lêste earst pakte St Anne mei Sjoerd de Jong en bruorren Krijn en Rein Hiemstra de winst en it kampioenskip, nei in boppeslach fan Sjoerd.

 

De froulju fan St Anne, “De Golden Oldies” neffens foarsitter Teun de Jong, hienen alle wedstriden meidien en Mina Dijkstra, Riska Hazenberg en Hessie Westra kamen tsjin Easterein op 2-2 doe Hessie boppe sloech. Mar Easterein mei Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Anke Marije Pompstra, keatste doe deeglik nei in 5-2:6-2 winst.

 

De manlju fan St Anne, Wietse Jan Dijkstra, Pieter Jan Plat en Jacob Wassenaar hienen it net dreech tsjin Easterein. Syb Overal koe it perk net fine en liet it oer oan Sybrand vd Wey en Marten Faber. Pas nei 0-3 koe Easterein it ‘eare-buordsje’ pakke doe Marten de keats foarby sloech. Op 1-5:4-6 slacht Wietse Jan in sitbal.

 

De striid om de prachtige wikseltrofee wie dêrmei striden en St Anne de nije kampioen. Fan herten lokwinske keatsers en keatsferiening St Anne ‘Drie spul is út’.

 

 
Wommels wûn de striid om it 3e plak fan Easterlittens mei 0-3. De froulju setten goed útein, mar Easterlittens kaam doch werom op 3-5 doe de bal op 6-6 bûten gie. As de keats behâlden wurdt op 4-6 is it 0-1 foar Wommels.

It twatal fan Easterlittens hie de ‘praatsjemakkers’ fan Wommels hast te plak setten. Pas op 4-4 kaam Wommels in earst foar nei in boppeslach op 6-6. Op 2-6 slacht Easterlittens de bal kwea op.

De bûtsende foarbêst opslagger fan Wommels joech de bal oer doe Easterlittens nei syn bùtenslach op 4-5 kaam. Op 6-6 slacht Easterlittens krekt foar en wint Wommels ek dizze partij.

 

 

De striid om de plakken 5 en 6 foel út yn it foardiel fan Mantgum. Mei 3-0 waard in reglemintêre oerwinning helle, om’t Bitgum net yn steat wie om partoeren nei St Anne ôf te feardigjen.

Earder yn de kompetysje hie Wommels yn St Anne ek ferstek gean litten, lykas as doe de Bitgumer junioaren. Dat is fansels tige spitich, mar yn it ljocht fan it smoardrokke programma yn dizze moannen foar alle keatsers, miskien ek net sa frjemd.

 

Dêrmei komme we dan ek by it punt dat de evaluaasje fan dizze edysje fan de Greidhoekekompetysje tige wichtich wurdt. It ynisjatyf fan Wommels is prachtich, sa seit de Jong by de priisútrikking, dêrby assistearre troch Liesbeth vd Ende. De partoeren fan St Anne wurde yn de krânsen setten en krije fertsjinne, grut applaus fan de oanwêzigen.

 

Oeral ûntstean nije inisjativen op keatsgebiet, wêrmei faaks foldien wurdt oan de behoefte of winsken fan keatsers, lykas de junioarensyklus yn Frjentsjerterradiel. It nije inisjatyf, de Friesland Bank Cup is fuort noch net in bedriging, mar neist it eigen keatsen en trainen fan de dielnimmers, binne der noch tal fan oare aktiviteiten, bygelyks it Jeu de Pelote, Llarques (tariedings op it WK Keatsen 2012).

 

De fraach is de Greidhoekekompetysje yn dizze foarm noch wer in jier kâns fan slagjen hat. Nije inisjativen dy’t soargje foar ynfolling fan in behoefte fan (in bepaalde kategory) keatsers of soargje foar stimulaasje om mear keatsers/keatsters yn bepaalde kategoryen op de Fryske fjilden te krijen binne tige wolkom fansels! Sa kin seker it frouljuskeatsen wol stimulâns brûke!

 

Hawar, we winskje de Greidhoekekommisje in soad sukses en wiisheid ta en meitsje ús op foar noch in tal fan oare hichtepunten yn it keatsseizoen!

 

FILMKE KNKB (Richard Miedema)