Keningsdei Partij 2024

Ferslach Keningsdei 27 april 2024

De earste keatsdei fan 2024! En wat in hearlik keatswaar om it seizoen mei te starten. In genot om elts wer op it fjild te sjen mei it lytse baltsje.

Mei hast 45 keats(t)ers op de list gie it om goed 10 oere los op it prachtige fjild fan de Skoalleseize. Wêr’t om ús hinne keatswedstriden ôflast waarden omdat it fjild te wiet wie lei ús fjild der superstrak by. Hulde foar de fjildmannen fan de Skoalleseize!

De priiswinners fan hjoed:

Froulju

1e priis: Judy Bergsma, Dieuwke Kooistra, Fenne Sijbesma

2e priis: Marije Schurer, Nynke Paauw, Femke Paauw

 

Manlju

1e priis: Ids de Boer, Redmer Stegenga

2e priis: Bote Jellema, Tymen Dijkstra

 

1e priis ferl.: Johan van Abbema, Tjeerd Dijkstra

2e priis ferl.: Jorrit Veldman, Hendrik Okkema, Gep Bakker