KFE: Fernijde koekeaksje 2016

Achte leden en âlders fan jeugdleden fan KF Easterein,

Ynkoarten giet de 9e edysje fan de Molkwarder koeke-aksje wer los!

Kandyreepkoeke

 

www.molkwarderkoeke.nl

Wat is de fernijing dan?

Al 8 edysjes lang ha we de koeken ferkocht foar de priis fan 2,00 euro en 3 foar 5,00 euro.
De opbringst komt foaral ta oan de jongerein fan keatsferiening Easterein en dêrom is it wichtich dat de opbringst goed is.

 

Nei 8 edysjes is besletten dat de prizen fan de koeke justjes omheech gean om sa in bettere opbringst te krijen foar de jongerein.

De koeken sille by de 9e edysje in stikspriis ha fan 2,50 euro en 3 koeken foar 6 euro!

 

Wannear de aksje?

Om krekt te wêzen sil dit fan 29 febrewaris 2016 o/m 3 maart 2016 plakfine.

We binne drok dwaande mei de organisaasje fan de koeke-aksje en ha fansels wer entûsjaste frijwilligers nedich om mei te helpen. De erfaring leart dat foaral de earste 2 júnen belangryk binne.
Hoe mear minsken at dan helpe kinne hoe earder at de koeken ferkocht binne.

Ynkoarten kin der ien fan de keatsferiening oan de doar komme om te freegjen at jim de keatsferiening helpe wolle mei de ferkeap fan de koeken. 

 

Bestellist brûke!?

Past it net? Dan kinne jimme dochs noch helpe troch gebrúk te meitsjen fan de bestellist.
Jimme kollega’s/wurkjouwer(s) wolle fêst wol in pear lekkere koeken keapje.

Dus twifelje net, meld dy fuortendaliks oan en/as download de bestellist en help ús prachtige feriening!

BESTELLIST Molkwarde koeke (PDF)

BESTELLIST Molkwarde koeke (Word)

Wolle jimme dizze wike witte litte wannear at jimme helpe kinne?
Dat kin troch te mailen nei leden@kfeasterein.nl dat jimme mei helpe wolle oan de koekeaksje

Ut namme fan keatsferienings Easterein alfêst tige tank foar jimme reaksje/oanmelding!!

 

Mei freonlike groetnis,

Bestjoer Keatsferiening Easterein