KFE: ferslach neijiersgearkomste 11-11-2015

Wylst de bern noch oer de strjitte swalkje om harren lieten te sjongen en de beleanning yn ûntfangst te nimmen, sitte bestjoer en leden op dizze dei fan St Maarten yn de Skoalleseize foar de neijiersgearkomste. Yn dit nijsberjocht efkes in oersjoch fan de meast wichtige saken. 

Oan de bestjoerstafel de 8 bestjoersleden en yn de seal sa’n 40 leden. Nei de iepening mei werom sjen op it moaie seizoen gean we moai troch de aginda:

 

Stikken KNKB neijiersgearkomste (19-11-2015)

(Sjoch foar ynformaasje oer de ûnderwerpen op KNKB site by Vergaderboekje AV

– Beslútfoarmingsstruktuer – KF Easterein stipet foarstel

mear regiobyienkomsten, mear tiid foar evaluaasje seizoen, mear romte foar tarieding nije seizoen, nei 1 AV yn it jier (Maart), finansjele kommisje foar it begruttingsproces, benaam troch AV. AV 19-11-2015: gearkomste giet akkoard

– Ofdracht kontribúsje troch ferienings oan KNKB – KF Easterein stipet foarstel

De ôfrûne fiif jier hat it systeem draait dat yn 2010 foarstelt is troch Dronryp. Al die bliken dat der neidielen sieten yn it gefal fan werom gean yn ledetal. It bedrach fan de ôfdracht oan de KNKB bleaun itselde wylst de leden by de feriening werom rûnen. Dat laad ta finansjeel neidiel. In wurkgroep hat in nij systeem betocht: bedrach begrutte foar it seizoen 2016 diele troch it totale ledetal per 1-1-2015. Foar jongerein in fêst bedrach per lid fan 10 euro en foar senioaren in fariabel bedrach (2016: 15 euro). AV 19-11-2015: gearkomste giet akkoard

– Wurkgroep wedstriidstramien – KF Easterein stipet foarstel

10 partoeren haadklasse manlju, 11:00 oere los, froulju1e en 2e klasse by elkoar, oanpasse ranking froulju haadklasse, middelline ferfalle litte. Dizze saken wurde net besletten yn de AV op 19-11 mar foarstelt wurd om in wurkgroep dêrmei dwaande litte te gean.

AV 19-11-2015: gearkomste giet akkoard

– Skeef opslaan: ôfskaffe fan skeef opslaan. Der is ûndersyk west nei it rjocht en skeef opslaan. de KNKB stelt foar dit ôf te skaffen. Yn de gearkomste folget diskusje fan út de keatsers dy wol foardielen sjogge en it komt ta in stimming en dy wiist út dat we akkoard gean as feriening mei ôfskaffen fan skeef opslaan. Meast wichtige reden is dat de KNKB deselde spulrigels hantearre wol. Skeef opslaan kin allinnich tapast wurde by twa perken. Somtiden kaam it foar dat yn it ferrin fan de wedstriid op iens skeef opslaan waard.

AV 19-11-2015: gearkomste giet akkoard

– Meardere partoeren nei de NK’s (jeugd) – KF Easterein stipet foarstel
Easterein hat altyd in soad jongerein hân en moat dan altyd in kar meitsje wa nei it NK mei. De gearkomste wol dat it bestjoer ek freget as it jilde kin foar senioaren

AV 19-11-2015: gearkomste giet NET akkoard nei haadlike stimming! Argumint fan û.o. Makkum: it NK moat eksklusyf bliuwe.

 

Federaasje Snits, meidielings gearkomste 28-10-2015

– dielname jongerein omheech gien, dielname manlju gelyk en dielname froulju is sakke

– Federaasjedei mei haadklassewedstriden is op 20 augustus 2016 yn Skearnegoutum

– Der wurd noch socht nei nije bestjoersleden

 

Punten fan út it bestjoer

– Untwikkelings Skoalleseize.

Marie Eringa fertelt oer de ôfrûne tiid wat foar wurk der allegear fersetten is. Renovaasje klaaiboxen, renovaasje b-fjild, aktyf mei keunstgêrs, de wedstriid Hearrenfean-MVV wie hichtepunt, Hearrenfean wol wol wer. Mar ek dat de omset fan de kantine oan it dalen is. Dat is wol soarchlik, want de ynvestearrings moatte wol dien wurde kinne. Bestjoerlik: Fedde Wiersma giet út it bestjoer en it ponghâlderskip wurdt oernaam troch Koos Plantinga. Sjoukje vd Eems wurdt neist sekretaris no ek frijwilligerskoördinator. Eppie Heins docht de planning foar de kantinebesetting en Jacob Kooistra hâldt de ynkeap ensafh.

– Fakatueres

Der wie nei it fuortgean fan Skelte Anema in fakatuere foar ponghâlder en we ha René Rijpma ree fûn om dy funksje oer te nimmen. René sil meirinne de kommende moannen en yn de foarjiersgearkomste wurdt de AV frege om yn te stimmen mei de nije ponghâlder!
Yn de tuskentiid hat Dirk-Yde Sjaarda tegearre mei Klaas Pompstra de finansjele saken dien.

– Lede-administraasje

Elske sil in jier earder stopje en har plak wurdt oernaam troch Petra Jellema. Ek hjir jild dat de offisjele oanstelling yn maart 2016 troch de AV goedkart wurde moat.

– Foarsitter jongerein

Der bliuwt noch ien fakatuere oer yn it bestjoer en dat is de funksje fan foarsitter jongerein. Hans Kooistra sil ek ôftrede yn maart 2016.

– PR kommisje

Yn de PR kommisje giet Rika Okkema der út en wurdt socht nei in ferfanger foar de redaksje fan it programmaboekje, jierferslach en Jong-Feinte. Ek sil de PR dwaande mei it (needsaaklik!) gearstallen fan in webredaksje. Oangeande de website sil yn it winterskoft aktiviteiten útfiert wurde om in redaksje op te setten en nije mooglikheden ta te heakjen oan de website, lykas in nijsbrief en evenemintenaginda.

– Beliedsplan

It bestjoer is dwaande mei in beliedsplan en dat sil in de AV fan maart 2016 presintearre wurde en sil jilde foar in perioade fan 5 jier. Alle kommisjes wurde hjirby belutsen.

– Kleanline

Der wurdt in kleansjow fuortjûn troch Hans Kooistra fan de nije ‘KF-hoody’, in moaie trui mei logo fan KF Easterein en je namme kin der sels op! Sjoch yn de KF_TOKO

 

Jildsaken

– Begrutting

De begrutting wurdt presintearre troch Klaas Pompstra. Dit kear wurdt der in ferlies begrutte en dat ferlies hat te krijen mei in bysûndere ynvestearring dat eigenlik noch efkes geheim bliuwe moat. Derneist ha we wer ynskreaun foar de Poies-jongereinaksje en fansels los mei de koekeaksje yn maart. Der is wol in foarstel om de prizen fan de koeken wat omheech te dwaan nei safolle jier om dêrmei mear op te heljen foar de feriening. Dat wurdt troch de finansjele kommisje meinaam.

– Kontribúsje

Útgongspunt is dat it foarstel foar de nije kontribúsjeôfdracht oan de KNKB oannaam wurdt op 19-11-2015.
It bestjoer stelt op advys fan de finansjele kommisje in kontribúsjeferheging foar fan 0,50 eurosint foar de senioaren (2016: 33,50) en 0,25 eurosint foar de jongerein (2016: 25,25). De tariven foar de trainingen bliuwe gelyk.

De begrutting en foarstel kontribúsjeferheging wurde troch de gearkomste oannaam.

 

Utrikken kompetysjeprizen

Elske rikt foar de lêste kear de kompetysjeprizen út oan de winners fan 2015. Derfoar krije de winners fan 2014 harren oantinken. De winners fan 2015 binne: Manlju:1. Remon Tie Bouma, 70 punten, 2. Tom Couperus, 69 en 3. Abe Jan Stegenga, 68. By de froulju is 1. Petra Jellema, 93 punten, 2. Eefje Hiemstra, 64 en 3. Klaske Plantinga, 56.

 

Huldiging winners FB Oranjewoud Cup

Sjoch foar ferslach op KNKB-site: Bekerwedstrijd

20151111KFE AV3

De Eastereinder froulju Marije Hiemstra, Martine Tiemersma en Imke vd Leest, mei begelieder Durk vd Leest ha op sneon 29 augustus de FB Cup wûn! Yn de finale winne se fan Frjentsjer mei 5-2:6-6. De 1e rûnte waard wûn fan Seisbierrum mei 5-1:6-4, de 2e rûnte wurd wûn fan Bitgum, 5-1:6-4. Op de finaledei yn Dronryp wurdt Easterlittens ferslein yn de heale finale mei 5-2:6-4. De froulju winne in bedrach fan 1.000 euro foar de feriening en in part dêrfan wurdt oan de dielnimmers útkeart.

 

Keats(t)er fan it jier

Imke fan der Leest waard beneamd ta “keatser fan it jier 2015”. Ut hannen fan de “keatser fan it jier 2014” Sipke Hiemstra krige sy de grutte beker oerlange. It haadbestjoer en de kommisjes fan de keatsferiening hawwe Imke foardroegen omdat se:

20151111KFE AV2

– inisjatyfnimster is fan it keatskamp

– It entûsjasme dat se oerbringst op de oare frijwilligers en de bern fan it keatskamp

– Se jout trainen oan de jeugd fan de keatsferiening mar ek op de keatsskoalle

– Se is in trochsetter op it fjild dy’t it maksimale fan harsels easket, mar ek fan har maten

– Se is in weardich ambassadeur fan de KF Easterein yn it KF shirt troch har sportiviteit en kwaliteit.

Tige ferrast naam Imke de prachtige glêzen keatsbal en titel yn ûntfangst en moai dat heit en mem ek tsjûge wêze koenen fanne jûn.

20151111KFE AV1

 

Omfreegjen

Tjeerd Dijkstra: keatsfeest wie wol aardich besocht mar hat noch net de útstrieling dy we graach sjen wolle. De foarsitter seit dat hy it der mei iens wie en ek wol wat ferbjustere wie in soad priiswinners net op de jûn oanwêzich wienen. Der wurdt evaluearre.

Sipke HIemstra:
– kinne we ek ris sjen nei de prizen fan de koeken? We fersette mei syn allen in soad wurk en in hegere opbringst soe moaier wêze foar de feriening. Faaks leit de ferkeappriis noch ûnder de priis yn de supermerk. De finansjele kommisje nimt dit mei.
– Kinne we op it MFT ek netten ophinge sa’t de llarques keatsballen net sa gau yn de feart fleane? Dat wurdt meinaam nei de MFT behearkommisje.

 

Nei de meidieling dat op snein 13 desimber de sealkeatspartij is, slút foarsitter Dirk-Yde de gearkomste en winsket elk wol thús!