KFE: In memoriam – Abe Stegenga

Us eare lid Abe Stegenga is hjoed ferstoarn

9-9-1934 * 25-11-2015

20151125AbeStegenga5

Tegearre mei Annie op de Federaasjedei yn Easterein (30-05-2014)


Hjoed is Abe Stegenga ferstoarn. Sûnt 1991 earelid fan keatsferiening Easterein en jierrenlang warber west as frijwilliger foar de keatsferiening. As begelieder, karmaster en de lêste jierren tegearre mei syn Annie as trouwe supporter fan alle Eastereinder keatsers en keatsters, grut en lyts, famkes en jonges, froulju en manlju.

 

Mar ek as bestjoerslid warber west foar de feriening. Fan 1959-1962 yn de funksje fan skriuwer en fan 1969-1977 as foarsitter. Yn it jubileumboek ‘Bûkelje en Boppeslaan’ steane ferskate passages oer Abe. Ek wurdt Abe lid fan de technyske kommisje yn 1987.

 

Soan Jappie, ferstoarn op 8-3-2006, is ek bestjoerslid west en wie foarsitter fan 1985-1993. Jappie hat doetiids soarge dat it jongespartoer yn sponsorshirts (Rabobank De Greiden) nei de Freule ta koenen. Sjoch side 26 fan it boek “Fol Faasje Fierder”.

 

 

Yn 1991 in prachtige hichtepunt foar Abe, mar fansels ek foar it jongespartoer (Robert Hoekstra, Robert Sijbesma en Gert Jan Hiemstra) en keatsferiening Easterein. Doe Abe as begelieder fan dit jongespartoer de Freule fan 7 augustus 1991 wûn en de Villa fan de Freule fan Wommels nei Easterein mocht bringe.

 

Abe is letter nochris mei dit partoer fuort west. Yn 2007 gienen tal fan Eastereinder keatsers en keatsers mei trekker en wein nei de ôfdielingskampioenskippen fan Federaasje Snits yn Ysbrechtum. Abe wie mei as begelieder en se wûnen doe de 2e priis.

 

Abe en Annie wienen daliks al freonen fan de Jong-Feinte. By de 1e edysje yn 2005 wie Abe karmaster. En elk jier binne se trou te gast op de Jong-Feinte. De lêste jierren as spesjale gasten en stipers fan it Jong-Feinte winnersboerd. Se hienen yn 2015 ek in gaadlik plakje op de parsewein.

 

 

Yn septimber fan dit jier binne Abe en Annie ferhúze fan de Sjaardaleane yn Easterein nei Wommels yn in oanleunwenning by NIj Stapert. Dêr ha se in oantal moannen noch tegearre trochbrocht mei de nedige soarch foar Abe en wêr syn sûnens efterút gie. Hjoed is hy ferstoarn.

 

Ut namme fan it bestjoer, kommisjes, leden en elk dy’t ferbûn is oan keatsferiening Easterein, winskje wy Annie en de famylje alle sterkte ta. Syn oanwêzigens op it keatsfjild sille wy misse.


KaatshistorieFoto’s fan de Freulewinst 1991

Foto’s – Freulewinst 7-8-1991

20151125AbeStegenga7

20151125AbeStegenga8

Foto’s – Jong-Feinte

20151125AbeStegenga3

20151125AbeStegenga4

20151125AbeStegenga6

(klik op foto foar grut eksimplaar)

 

Foto’s – Federaasje ôfdielingskampioenskippen 2007

20151125AbeStegenga2

20151125AbeStegenga1