KFE: Flessebonaksje Jumbo july 2016

Achte leden,

 

Foar de jongerein ha wy ek in finansjele aksje!

 

Yn de moanne july binne wy as Keatsferiening Easterein útlotte foar de flessenbonnenaksje by de Jumbo yn Wommels. 

Tige moai want dit hat de ferline jier sa’n 250 euro opsmiten!

 

We komme yn de moanne july by de doarren lâns foar de lege flessen, dus jimme kinne alfêst begjinne te sparjen.

Jimme meie de lege flessen ek op de Hofsleane 9 (fam. Kooistra) bringe.

En fansels meie jimme de lege flessen ek by de Jumbo ynleverje en it bontsje yn de bus dwaan.

 

Alfêst tige tank!

 

K.F. Easterein

 

JumboKooistra web