KNKB: Jong-Famme, NK’s Skoalbern

knkb logo webSneon 2 july binne de Nederlânske Kampioenskippen foar de skoalfamkes en de skoaljonges en is de Jong-Fammepartij yn Mantgum.

Alle wedstriden binne ek live te folgjen op de KNKB-site


Jong-Famme

De Jong-Fammen keatse yn Mantgum en der steane 17 partoeren op de LIST.

Foar Easterein keatse de Jong-Fammen Tineke Dijkstra, Jeska Terpstra en Martine Tiemersma.

Se binne partoer 5 en begjinne tsjin Berltsum.

SUKSES Jong-Fammen!


Skoalfamkes

De skoalfamkes keatse yn Moarre-Lioessens en der steane 21 partoeren op de LIST

Foar Easterein keatse de famkes Roelie Kroondijk, Nynke Paauw en Corrie Kroondijk.

Se binne partoer 17 en begjinne tsjin Goaiïngea.

SUKSES Skoalfamkes!


Skoaljonges

Eilaas, gjin Easterein op de LIST.