KFE: Foarjiersgearkomste goed besocht

De foarjiersgearkomste fan keatsferiening Easterein waard op woansdei 26 maart goed besocht en stie foaral yn it teken fan it kompleet wurden fan it haadbestjoer! Efter de tafel sieten de 6 bestjoersleden en oanwêzich wienen sa’n 30 leden, wêrfan 4 earleden.

 

Ynterimfoarsitter Marten Faber iepen mei in moai ferhaal wêryn ek omtinken wie foar de twa frijwilligers dy’t net mear by ús binne, Germ Terpstra en Stoffel Bouma. 

Mar it giet wol fierder sei de foarsitter en sa is it ek.

We stean foar in bysûnder seizoen, it 110 jierrich bestean fan de feriening en de 10de edysjes fan de Jong-Feinte!

 

 

Haadbestjoer

20140205 KFE Haadbestjoer

Foar: Marten Faber, Christian Hoekstra, Hans Kooistra, Skelte Anema

Efter: Dirk-Yde Sjaarda, Mattie Dijkstra-vd Meulen, Wilma Sjaarda, Jikke Velzen-Greidanus, Elske vd Meulen

 

It bestjoer giet kompleet it nije seizoen yn mei de komst fan de niije foarsitter Dirk-Yde Sjaarda en fice-foarsitter Mattie Dijkstra-vd Meulen en ponghâlder Skelte Anema en hy wurdt dêrby stipe troch Willem Twijnstra.

20140326 KFE Foarjier3

In pear jier hat it haadbestjoer mei in lytsere besetting de feriening laad en dat fertsjinnet in kompliment. Lykas it feit dat de ‘âld-ponghâlder’ him dy perioade noch altyd ynsetten hat en hy foar de lêste kear de sifers mocht presintearre en koe in moai resultaat sjen litte.

Foar takom jier hat Anco frijwillich in sit naam yn de kaskommisje!

20140326 KFE Foarjier1 

Kommisjes

By de technyske kommisje ferlitte Dirk Yde Sjaarda en Romine Jelsma de kommisje. En de plakken binne ek al wer ynfolt! Bauke Dijkstra wurdt de nije trainingskoördinator en ek yn de kommisje komme Robert Sijbesma en Judy Bergsma.

20140326 KFE Foarjier2 

By de jongereinkommisje ferlitte Gep Bakker en Riemy Kamstra de kommisje en de nije leden wurde Fetsje Terpstra en Klaas Sixma.

 

Allinnich de wedstriidkommisje en de finansjele & stipekommisje ha noch in fakature. Foar 2014 sitte de leden fan de finansjele & stipekommisje yn de lustrumkommisje, oanfolt mei Sipke Hiemstra en Klaas Pompstra. Foar de fakatuere stiet al in kandidaat klear.

 

Ut namme fan de lustrumkommisje presintearret Tjeerd Dijkstra it lustrumprogramma

woansdei 28-05-2014 jongereinwedstriid
tongersdei 29-05-2014 senioarenwedstriid (Himelfeart)
freed 30-05-2014

Federaasjedei – alle kategoryen

KNKB haadklasse manlju en froulju

woansdei 23-07-2014 Jong-Feinte – 10 jier
snein 07-09-2014

Lustrumdei
ôfsluting seizoen foar bestjoer, kommisjes
leden, stipers en frijwilligers.

 

Stipers

Ek tige grutsk koe Tjeerd fertelle dat de haadstiper en de kleanstipers allegear wêr ferbûn binnen oan keatsferiening Easterein.

Couperus Hydrauliek BV bliuwt dus haadstiper fan keatsferiening Easterein

De kleanstipers binne: Grafische Groep van der Eems. Leanbedriuw Okkema, Bos Mechanisatie en Installatiebedrijf De Jong.

Dit waard troch de seal mei grut applaus ûntfongen!

 

 

Federaasje Snits

Mei Federaasje Snits sil yn gearwuking de Federaasjedei (30-05-2014) organisearre wurde. De petearen binne der al en alles wurdt fierder út wurke.

Eppie Heins hat 6 jier as ponghâlder aktyf west binnen it bestjoer fan Federaasje Snits. Eppie, tige tank. Der is no dus in fakatuere.

 

 

Jierferslach en wedstriidagenda

De PR-kommisje hat wer in prachtich jierferslach makke en dat wurdt yn it skoft útrikt waard oan de leden by de gearkomste.

 

Jikke presintearret de wedstriidagenda 2014. In prachtige agenda fol mei moaie keatsaktiviteiten. Foar de leden dit seizoen mear wedstriden op de snein, sa as troch de leden alris frege is.

Sa sille dan mear KNKB-wedstriden op sneon ferkeatst wurde. Der binne dit jier 8 KNKB-wedstriden yn Easterein. 

Dei

Datum

Tiid

Plak

Kategory

Wedstriid

Soart

freed

30-5-2014

15.30

Easterein

Froulju

Haadklasse

t.i.l. – 8 partoeren

freed

30-5-2014

15.30

Easterein

Manlju

Haadklasse

t.i.l. – 8 partoeren

sneon

14-6-2014

11.00

Easterein

Froulju

1e klas

t.i.l. + ferl.

sneon

14-6-2014

10.00

Easterein

Pupillen

Famkes

ôfdieling

sneon

14-6-2014

11.00

Easterein

Pupillen

Famkes

t.i.l. + ferl. Ôfd

sneon

19-7-2014

20.00

Easterein

Junioaren

Jong-Feinte

LOTTING

wo

23-7-2014

11.00

Easterein

Junioaren

Jong-Feinte

ôfdieling

zo

10-8-2014

10.00

Easterein

Manlju

1e klas

Frije formaasje

 

It jierferslach en de wedstriidagenda wurde noch op de website setten. 

 

Letter mear…