KFE: Foarjiersgearkomste

Keatsferiening EastereinOprjochte yn 1904

 

Utnoeging foarjiersgearkomste KF Easterein

op 27 maart 2013

2013 bestuurslidgezocht

 

Bêste minsken,

 

Wy wolle jimme fan herte útnoegje foar de foarjiersgearkomste fan de Keatsferiening Easterein. Wy wolle it graach mei jimme ha oer it kommende keatsseizoen. 

 

De gearkomste sil plakfine op woansdei 27 maart 2013 om 20.00 oere yn “De Skoalleseize”.

 

Wurklist

1. Iepening

 

2. Meidielings en ynkommen stikken

 

3. Oantekens fan de neijiersgearkomste op 21 novimber 2012. It ferslach is taheakke oan de útnoeging. Bin hjir fragen oer?

 

4. Finansjeel ferslach:

– rekken 2012

– begrutting 2013

 

5. Ferslach kaskommisje en beneaming nij lid

 

6. Presintaasje jierferslach 2012

 

7. Skoft

 

8. Bestjoersferkiezing:

– ôfgeand en net ferkiesber:  Ype Tiemersma

  foardracht: Marten Faber

 

– ôfgeand en net ferkiesber:  Tjerk Okkema, jongereinsaken

   foardracht: Hans Kooistra

 

– ôfgeand en net ferkiesber:  Anco Elgersma, ponghâlder

   foardracht: fakatuere

 

– ôfgeand en net ferkiesber:  Gerben Kooistra, foarsitter

   foardracht: fakatuere

 

9. Stikken KNKB-gearkomste op 5 april 2013                                

 

10. Punten fan út it bestjoer, ûnder oare:

– foarstel sittingstermyn bestjoersleden

– meidielings fan út de foarjiersgearkomste Federaasje Snits

– ûntwikkelings sportkompleks “De Skoalleseize”           

– fakatueres: stân fan saken

– ûntwikkelings MFT

 

11. Wedstriidaginda 2013

 

12. Omfreegjen

 

13. Sluting

 

Graach oant sjen op 27 maart!

KF Easterein