KFE: Koekeaksje 2013!

 

UPDATE 7-maart-2013

 

Fannemoarn in MOAI berjocht fan ús ponghalder! De koeken binne allegear ferkocht en der moat sels in neibestelling dient wurde. In sukses dus!

 

Wa noch koeken bestelle wol, dy kin dat trochjaan oan Anco (ponghalder@kfeasterein.nl)

 

Alle frijwilligers TIGE TANK foar jimme meiwurking en ferkeap fan dizze 6e Molkwarder koekeaksje fan K.F. Easterein!

 

 

 

 

 

It wurket dus wier wol! Derom, achte

 

UPDATE 3-maart-2013

 

Sneintejûn, in dei foar de koekeaksjewike fan KF Easterein wer begjint binne der al 550 koeken ferkocht op bestelling!!

 

 

It wurket dus wier wol! Derom, achte leden, frijwilligers, doarpsgenoaten, keatsleafhawwer en koekeleafhawwers. Meitsje (ek) gebrûk fan de bestellist. Dizze oantallen moat al stimulearje ta bestellen en ferkeap!

 

BESTELLIST KOEKE-AKSJE 2013

 

Mar we ha seker ek noch frijwilligers nedich foar it útsuteljen fan de koeke yn doarp en de gemeente Littenseradiel!

 

Oanmelde kin by Anco (ponghalder@kfeasterein.nl)


 

 

 

 

Keatsferiening Easterein

hâld har jierlikse

Molkwarder Koekeaksje

 

yn’e wike fan 4 oante mei 8 maart 2013

 Kandyreepkoeke 

 

BESTELLIST KOEKE-AKSJE 2013

 

 

Achte leden, doarpsgenoaten en oare belangstellenden,

 

Yn de wike fan 4 maart 2013 komme we by jo lâns.

 

Dizze KOEKE-AKSJE hawwe we foar it earst dien yn maart 2008

en wurdt no alwer foar de 6e kear organiseare.

 

We biede jo foar in oantreklike aksjepriis 1, 2, 3 as mear

hearlike Molkwarder Koeken!

 

We hawwe

kandykoeke                                          € 2,00

sûkerlatte (tradisjoneel bakte sûkerkoeke!)  € 2,00

brúne koeke                                          € 2,00

 

As TRIJE koeken foar mar € 5,00! 

 

Sjoch ek ris op www.molkwarderkoeke.nl