KFE: Neijiersgearkomste 11-11-2015

Bêste minsken,

 

Wy wolle jimme fan herte útnoegje foar de neijiersgearkomste fan Keatsferiening Easterein.

Op dizze jûn wolle wy graach mei jimme werom sjen op it ôfrûne jier en ús plannen foar it kommende keatsseizoen beprate. Ek âlders fan ús jongereinleden binne fan herte wolkom.

De gearkomste sil plakfine op woansdei 11 novimber 2015 om 20.00 oere yn “De Skoalleseize”.

 

Wurklist

1. Iepening

2. Meidielings en ynkommen stikken

3. Oantekens fan de foarjiersgearkomste fan 25 maart 2015.

It ferslach hat elts tagelyk mei de útnoeging krigen. Bin hjir fragen/opmerkings oer?

4. Stikken neijiersgearkomste KNKB op 19 novimber 2015

5. Meidielings fan út de neijiersgearkomste Federaasje Snits fan 28 oktober 2015

6. Punten fan út it bestjoer, û.o.: -ûntwikkelings sportkompleks “De Skoalleseize”

-fakatueres: stân fan saken

-beliedsplan

7. Skoft

8. Jildsaken: begrutting en kontribúsje 2016 fêststelle

9. Utrikking prizen kompetysjekeatsen senioaren

10. Huldiging winners Friesland Bank Oranjewoud cup

11. Keats(t)er fan it jier

12. Omfreegjen

13. Sluting

 

Oant sjen op 11 novimber!

Bestjoer KF Easterein