KFE: Neijiersgearkomste 2013-ferslach

De opkomst wie goed (± 50 leden) seagen de seis bestjoersleden en de jûn stie yn it teken fan waarnimmen as foarsitter, nije aktiviteiten, nijs oer it lustrum 2014 (110 jier), mar ek werom rinnen fan leden by foaral de jongerein.

 

De gearkomste wurdt iepene troch waarnimmend foarsitter Marten Faber. In jier bestjoerslid en dan al de foarsittershammer yn hânnen op de neijiersgearkomste. En dat die hy prima. Hy hjit yn it bysûnder de eareleden en haadstiper Couperus wolkom.

 

Hy oereidet it keatsseizoen en hellet der in oantal hichtepunten út, lykas de 3e priis fan Jelte Pieter Dijkstra op de PC, de ôfdielingswinst foar de froulju, it winnen fan it Provinsjale skoalkeatsen en in moai seizoen draait mei it seiskoppige bestjoer. Op de  eftergrûn=n noch goed stipe troch âldponghâlder Anco Elgersma.

 

Hulde oan it bestjoer foar harren wurk yn it seizoen 2013! Derom wie it ek in grutte opstekker dat de foarsitter in nije bestjoerslid oankundigje koe. De namme is Skelte Anema en hy is yn it oare nijsberjocht al foarstelt.

 

 

KNKB

21 novimber is de jiergearkomste fan it KNKB en meast wichtige punt is it frijlitten fan de grinzen oangeande it meidwaan fan keatsers yn hegere kategoryen. Sa soe bygelyks in pupillen jonges partoer op de Freule stean kinne. Mar better foarbyld is it jongespartoer fan Stiens dat yn de finale fan de Freule stie en hja hienen like goed op Jong-Feinte stean kinnen.

 

Tjeerd Dijkstra ljochtet ta dat it foaral giet om de lytsere doarpen/ferienings dy’t muoite ha om in partoer fan deselde leeftydskategory gear te stallen. It bestjoer fan Easterein en de gearkomste geane akkoard mei it foarstel en sa soe it samar kinne dat we takom jier in gruttere list ha op de 10de Jong-Feinte.

 

 

Federaasje Snits e.o.

30 oktober wie de jiergearkomste. Dielname oan senioarenwedstriden wie leger, wylst der mear dielname wie by de jongerein. Der sil mear sjoen wurde nei in aginda foar wedstriden dêr’t keatsers alle Federaasjes oan mei dwaan kinne.

 

 

Punten fan it bestjoer

Fakatueres bestjoer en kommisje

– Haadbestjoer – fakatuere foarsitter

– Finansjele & stipekommisje – relaasjebehearder stipers

– Yn de jongereinkommisje geane Riemy Kamstra en Gep Bakker der út.

 

 

Keatsoplieding Easterein

Dirk-Yde Sjaarda fan technyske kommisje fertelt oer in nij inisjatyf dat foarsjocht yn twa saken. De technyske kommisje wol sawol de winter- as simmertraining ek iepenstelle foar leden fan út de Federaasje en dan foaral fan de lytsere ferienings dy’t sels gjin trainingen organisearre kinne. Mei mear dielname kin de trainingsgroepen en grutter en mear nei eigen nivo ynrjochte wurde. It inisjatyf is posityf ûntfongen troch de ferienings fan Federaasje Snits.

 

Ek sil der trije trainingsoeren fersoarge wurde foar basisskoalle De Foareker en dizze oaren geane foarôf oan de wintertrainingen. Doel is om de jongerein waarm te meitsje foar de keatsferiening en de keatssport.

 

 

Keatskamp 2014

Marije, Imke, Pytrik en Bauke sille mei in oantal frijwilliger in (jierliks) keatskamp organisearre as start fan it seizoen. Yn 2014 is it de earste lustrumaktiviteit fan it 110-jeriirch bestean de feriening. Yn de maaiefakânsje sil der 3 dagen en 2 nachten trochbrocht wurde op sportpark De Skoalleseize. Kern fan it programma is fansels traine en keatsen en ek de bern út it doarp berikke mei it keatsen!

 

 

Lustrum 2014

Tjeerd Dijkstra presintearret it lustrumprogramma foar it seizoen 2014. Nij is fansels it keatskamp oan it begjin fan it seizoen en we slute mei syn allen, bestjoer, kommisjes, leden en stipers it seizoen ôf op bysûndere wize.

 

Programma lustrum

28-04-2014 : Keatskamp foar de jongerein 0-13 jier

28-05-2014 : Lustrumwedstriden jongerein (leden)

29-05-2014 : Lustrumwedstriden senioaren (Himelfeart / leden/âld-leden)

30-05-2014 : Haadklasse manlju en froulju (t.i.l./f.f.)

30-05-2014 : Federaasjedei alle kategoryen

23-07-2014 : Jong-Feinte – 10 jier

07-09-2014 : Ofsluting seizoen ynklusyf Stiperdei

 

 

Jildsaken

Anco presintearret de begrutting fan 2014. Dy bestiet út de reguliere begrutting foar organisaasje en wedstriden en yn 2014 de lustrumaktiviteiten. Ek docht hy in prognoaze fan it resultaat fan 2013 en we komme posityf út.

 

Foar de kontribúsje wurdt in foarstel dien foar ferheging fan 0,50 euro en foar de sealhier wurdt foarsteld fjild en seal foar 25 euro. De gearkomste giet akkoard mei de foarstellen

 

Aksjes

De finansjele aksjes besteane yn 2014 út de koekeaksje (1e wike maart 2014), we binne ynskreaun foar de Poieszaksje en foar it lustrum sil de ballefûnsaksje wer hâlden wurde. We freegje fansels stipe fan de leden foar help by dizze aksjes!

 

Stipers

De kleankontrakten foar de stipers (2009-2013) rinne ôf oan it ein fan dit jier. Ynkoarten sil de finansjele en stipekommisje by de stipers op besite om te praten oer it trochsetten fan de stipeoerienkomsten.

 

 

Keatser fan it jier en huldigingen

– Corrie en Roelie Kroondijk binne keatser(s) fan it jier wurden

– Jelte Pieter Dijkstra wurdt huldige foar syn 3e priis op de manljus PC

– Selma de Boer, Julia Paauw en Mirjam Punter en coach Jolinda Punter wurde huldige as Provinsjaal skoalkampioen foar it earst yn de skiednis fan De Foareker

 

 

Kompetysjekeatsen

De winners fan 2012 krije wer in moai shirt ta oantinken en de winners fan 2013 binne:

Froulju: 1. Petra Jellema, 2. Willy Bootsma, 3. Tineke Yntema

20131113 KFE NJ 05 

Manlju: 1. Rémon Tie Bouma, 2. Hans Kooistra, 3. Tom Couperus

20131113 KFE NJ 04 

Foarsitter Marten slacht om efkes foar tsienen mei de hammer op tafel en slút de gearkomste

Aginda: 15 desimber 2013 – Sealkeatsen senioaren!